Johannes Lützen Bouma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johannes Lützen Bouma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 juny 1934
berteplak Twizelerheide
wurkpaad
berop/amt Ekonoom, heechlearaar
offisjele webside
gjin

Johannes Lützen Bouma (Twizelerheide, 9 juny 1934) is in Nederlânsk ekonoom en earder heechlearaar bedriuwshúshâldkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) fan Frysk komôf

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bouma promovearre op 31 maaie 1966 oan de RUG by Jacob Louis Meij op it proefskrift "Ondernemingsdoel en winst : een confrontatie van enkele theorieën van het ondernemingsgedrag".

Twa wiken letter, op 16 juny 1966, waard er oansteld as heechlearaar bedriuwshúshâldkunde oan de RUG. Op 14 febrewaris 1967 gie er dit amt oan mei it útsprekken fan de ynaugurele rede mei de titel "De toepassing van intern-gedragsmodellen in de bedrijfseconomie". Under Bouma promovearre ûnder oare Aart Bosman yn 1996, dy't letter heechlearaar en ien fan de grûnlizzer fan de bestjoerlike ynformaasjekunde yn Nederlân wurde soe. Mids 1999 gie Bouma mei emeritaat.

Yn 2010 waard der oan de RUG by de Fakulteit Ekonomy en Bedriuwskunde in learstoel nei Bouma ferneamd, de "J.L. Bouma leerstoel Economics of Sustainability", stipe troch de SNS REAAL bank.[1]

SNS Bank / Lips Vastgoed kontroverze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jannewaris 2014 die út ûndersyk fan Follow The Money (Mark Koster)[2] en EénVandaag bliken dat Bouma in twifelige rol spile hie by it takennen fan lieningen foar ûnreplikggoedprojekten. Hy wie tagelyk presidint-kommissaris fan SNS as kommissaris fan Burgfonds fan de wilens fallite ûndernimmer Roger Lips, de grutste klant fan SNS Property Finance. Bouma wie ek foarsitter fan de kredytkommissy, en karde tsientallen miljoenen euro’s oan kredyt foar Roger Lips goed, wat mei late ta de ûndergong fan SNS.
Yn it earstoan ûntkende Bouma dat er ek lid west hie fan dy kredytkommissy, mar nei konfrontaasje mei de jierferslaggen dêr't út bliken die dat er wol beide funksjes tagelyk beklaaide, woe er hawwe dat er ôfsidich bleaun wie.[3][4]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1965. Bedrijfseconomische verkenningen : opgedragen aan professor doctor Jacob Louis Meij. Mei Hindericus Willems en Jacob Louis Mey (red.). De Haach: Delwel.
  • 1966. Ondernemingsdoel en winst : een confrontatie van enkele theorieën van het ondernemingsgedrag. Proefskrift Grins. Leien: Stenfert Kroese.
  • 1966-1991. Leerboek der bedrijfseconomie. Oarspronklik troch J.L. Meij yn 1942 yn 2 dielen. Troch Bouma ferskate kearen op'en nij besjoen.
  • 1994. Management accounting en economische organisatietheorie. met Gerrit Jan van Helden. Schoonhoven : Academic Service, Economie en Bedrijfskunde.
  • 1999. Over economie en bedrijf : liber amicorum voor prof. dr. J.L. Bouma. Dirk Willem Feenstra en Gerrit Jan van Helden (red.). De Haach : Delwel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. SNS REAAL maakt J.L. Bouma Leerstoel mogelijk, rug.nl, 31 augustus 2010
  2. Mark Koster is sjoernalist en 'Chef Online' by it blêd Quote
  3. Twijfelachtige dubbelrol van president-commissaris SNS Reaal, ftm.nl, 25 jan. 2014
  4. Twijfelachtige dubbelrol president-commissaris SNS, eenvandaag.nl, 25 jan. 2014