Springe nei ynhâld

Sechtjinroeden

Ut Wikipedy

Sechtjinroeden is in buorskip west fan De Knipe, yn 'e gemeente It Hearrenfean.

Yn it earstoan waard mei de namme it súdlikste stikje fan de strjitte mei bebouwing oantsjutten. In ier-tweintichste kaart ferwiist nei de buorskip. Deselde ferwizing stiet op de kaart fan 1853, mar yn 1823 wurdt mei dy namme nei de grins fan Aenjewier en Opsterlân ferwiisd. De kaart fan om 1700 hinne jout De Sestien Roeden as wetternamme dêr’t huzen op selsstannige kavels steane. De meartalsfoarm fan roede (±14 m²) wurdt dêr tegearre mei de namme brûkt.

De namme giet werom op de perioade fan de ûntginning yn de twadde helte fan de 16e iuw. Yn it Rynlân waard yn 1595 fêststeld dat elke tachtich ton turf lyk stie oan sechtjin (kante) roeden fergroeven feangebiet. As tsjinprestaasje foar dy ûntgrûning moast de feanbaas soargje dat earne yn it doarp per sechtjin roeden ien kante roede min lân ferbettere waard ta lânbougrûn. Sa waard sechtjinroeden op 'en doer in fêste maatienheid dy’t hjir as namme yn gebrûk rekke is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: