Springe nei ynhâld

Henk de Wilde

Ut Wikipedy

Hendrik (Henk) de Wilde (Tsjalbert, 13 july 1917Skagen, 18 oktober 2004) wie in Nederlânske politikus fan de PfdA.

Hy wie in soan fan Kornelis de Wilde, in sosjalistysk foaroanman dy't lange jierren wethâlder fan It Hearrenfean west hat. Nei in oplieding a ûnderwizer gie er yn 1941 oan't wurk by de Nederlânske Spoarwegen. Hy waard yn Gouda stasjonearre en wie fan 1947 ôf twa jier lid fan de Goudske gemeenteried. Yn 1949 kaam er yn tsjinst fan de Rotterdamske ôfdieling fan de Nederlandse Vereniging van Vervoerspersoneel dy't by in fúzje mei in oar ûnderdiel fan it Nederlands Verbond van Vakverenigingen (NVV) yn 1956 opgie yn de Nederlandse Bond van Vervoerspersoneel (NBV; wer letter de Vervoersbond NVV). Yn 1955 waard er oansteld as bestjoerder fan it distrikt Fryslân fan it NVV en ferhuze dêrom werom nei syn bertestreek.
By de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten yn 1958 waard er foar de earste kear keazen ta steatelid út namme fan de PvdA en ek yn 1962 en 1966 waard er yn de Steaten keazen. Fan 1966 oant 1970 wied er lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân. By de provinsjale ferkiezingen begjin 1970 waard er keazen foar it Het Progressief Akkoord (gearwurkingsferbûn fan PvdA, PPR en PSP) en dêrnei PAK-fraksjefoarsitter.
Yn novimber 1970 waard De Wilde beneamd ta boargemaster fan de Noard-Hollânske gemeente Schagen wat er bliuwe soe oant syn pinsjonearring yn augustus 1982. Fan ein 1982 ôf wied er noch goed in jier waarnimmend boargemaster fan Barsingerhorn yn Noard-Hollân.

De Wilde stoar ein 2004 yn de âldens fan 87 jier. Yn Skagen is in skoalle nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leeuwarder Courant, 6 oktober 1970