Sigerswâld (Opsterlân)

Ut Wikipedy
Sigerswâld
Flagge fan Sigerswâld Wapen fan Sigerswâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sigerswâld
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2016) 830
Webstee www.siegerswoude.org
Noardlik plaknammeboerd fan Sigerswâld, by De Wylp

Sigerswâld is in doarp yn de gemeente Opsterlân, mei in lytse 875 ynwenners (2005). Sigerswâld is in lintdoarp. Sigerswâld hat har eigen kabelnetwurk, dat yn 1998 oanlein is. It doarp wurdt troch in wei en in feart yn twaen dield.

Sigerswâld hat twa tsjerken, in Kristlik Grifformearde en in Nederlânsk Herfoarme.

Tsjin Oerterp oan, oan De Mersken, leit de Mersker Heide.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pleats 'It Foarwurk', Sigerswâld

De namme komt faaks fan de eigennamme Siger en bosk, dat grif in broekbosk west hat. Troch de muontsen út it kleaster fan Smelle Ie waard hjir yn de Midsiuwen turf stutsen. Dy wurken en wennen yn in úthôf op it Foarwurk. Yn ien fan de âldste akten dy't bekend binne, akkordearren se mei de boeren oer it kearen fan it wetter fan it Alddjip en de langte fan de ûngetiid.
Om 1250 hinne is er yn Sigerswâld in tsjerke boud.

Neffens guon boarnen wie de Drachtster Kompanjonsfeart om 1664 hinne oer Sigerswâld trochlutsen nei Bakkefean. Yn 1744 wie it ferfeantsjen by Sigerwâld dien. Om 1950-'60 hinne is de feart dêr wer ticht smiten, yn deselde tiid dat de Mersken en in stik fan it Skar omset binne ta greide en boerelân.

Sigerswâld wie eartiids út trije parten opboud: Fryske Peallen, It Foarwurk en de Fryske Wylp. Fryske Peallen gie yn 1953 mei stikken fan Oerterp as selsstannich doarp fierder. Njonken dizze trije bewenne parten hat Sigerswâld ek nog twa lânlike parten: de Boerestreek en de Mjûmer.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpshûs is de "Uthôf", hjir hat de feriening Doarpsbelangen út 1879 har gearkomsten. Der binne fiif buertferienings: 'Foarút', 'Om de Waskmer', 'Klauwertsbrêge', 'Mei inoar Ien', 'Rûnom de skoalle'. 'It Bijehûs' is it pjutteboartersplak.

De aksje Vroeg op stap fan de froulju Gorter en Loonen út Sigerswâld hat tûzenen hantekens opsmiten. De froulju wolle foarelkoar krije dat de jongerein sneons betider jûns nei de disko giet. Besikers kinne op in ynternetside in petysje ûndertekenje. De hantekens waarden 2008 oanbean oan de Twadde Keamer.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elim
  • Elim, kristlik-grifformearde gemeente Sigerswâld-De Wylp
  • Eastertsjerke, PKN gemeente Sigerswâld-De Wylp (oarspronklik grifformeard)
  • Herfoarme tsjerke, PKN-gemeente It Keningsfjild

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1929 wie der yn Sigerswâld in fuotbalferiening. Doe't dy nei Bakkefean ferhuze, waard kuorbalferiening G en O, oprjochte. Letter waard dat VKC (Voorwerker Korfbal Club).

  • Ysnocht - iisklup
  • Bêst Genôch - muzyk

Skoallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere kristlike basisskoalle

Sigerswâld hie oant 2012 twa basisskoallen, CBS 'De Foarikker' en de iepenbiere basisskoalle t Foarwurk'.

Kristlike basisskoalle De Foarikker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1922 waard dizze skoalle oprjochte as School met den Bijbel troch evangelist Everhardus van Aken. De skoalle waard yn 1984 ferboud en hat yn dy snuorje de namme CBS De Foarikker krige.[1] Maaie 2014 waard bekend dat de skoalle op 31 july 2014 ticht gie fanwegen te min learlingen. De skoalle fusearre mei CBS 'Betrouwen' yn Bakkefean.[2]

Iepenbiere basisskoalle 't Foarwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1922 oant 2012 koe der yn Sigerswâld iepenbier ûnderwiis folge wurde oan 't Foarwurk. Om reden fan in te leech tal learlingen moast de skoalle yn augustus 2012 slute en folge in fúzje mei de iepenbiere basisskoalle 'De Skâns' yn Fryske Peallen. Gearwurkjen tusken 't Foarwurk en De Foarikker as brede skoalle krige te min stipe fan de âlders fan de bern fan de twa skoallen.[3] De eardere skoalle oan it Foarwurk is om 1922 boud.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beakendyk, Binnenwei, Boskwei, Bremerwei, De Mersken, Dwarswyk, Foarwurk, Grinzerleane, Klauwertswei, Langpaed, Middenwei, Skieppedrift, Skoallelân, Taeijewyk, Uthôf, Van Akenwei, Van Houtenwei, Waskmerwei.

Everhardus van Aken wie in evangelist dy't ek in soad foar de earme heidsjers die en dy't yn 1922 de kristlike skoalle stifte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De School, De Foarikker.nl, rieplachte op 30 april 2014.
  2. CBS de Foarikker Siegerswoude sluit haar deuren, De Woudklank.nl, sjoen op 20 maaie 2014.
  3. Ouders keren brede school in Siegerswoude, Foarwuk sluit, 01-02-2012, De Woudklank, rieplachte op 30 april 2014.
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden