Herfoarme tsjerke (Sigerswâld)
Herfoarme tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | Sigerswâld | |
adres | Binnenwei 14 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1970 | |
arsjitekt | Jo Vegter | |
offisjele webside | ||
Side PKN gemeente It Keningsfjild |
De Herfoarme tsjerke oan de Binnenwei yn Sigerswâld is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente It Keningsfjild. It is ien fan de trije tsjerken fan de gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de midsiuwen hiene muontsen fan it kleaster fan Smelle Ie by It Foarwurk in úthôf. Dy muontsen groeven hjir turf en lieten harren skiep op de heidefjilden by Bakkefean weidzje. De oan Jakobus de Meardere wijde tsjerke waard nei de reformaasje in protestantske tsjerke.
De nei alle gedachten 16e iuwske tsjerke, dy't op it tsjerkhôf oan De Mersken sa'n 300 meter súdliker as de hjoeddeiske tsjerke stie, moast yn 1909 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen wurde. De tsjerke waard ferfongen troch nijbou, dy't yn 1941 ôfbaarnde. Ek de klok en it oargel gyngen mei dy brân ferlern. Fan de 16-iuwske tsjerke waarden de kleastermoppen wer brûkt foar it yn 1914 boude baarhûske op it hôf. Dat baarhûske stiet op it plak fan de âlde tsjerke, wêrfan't it plak de eardere muorren mei in hage oanjûn wurdt.
Nei de oarloch waard yn 1949 in nije herfoarme tsjerke boud oan de Binnenwei. It ûntwerp fan it ienfâldige sealtsjerke waard levere troch Jo Vegter.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat gjin piipoargel, mar in elektroanysk Heyligers-oargel en in in elektroanysk Johannus-oargel, type Opus 6.
It Keningsfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt it begjin fan 2017 foarmet de herfoarme gemeente fan Sigerswâld tegearre mei de herfoarmen út Oerterp en Fryske Peallen en de grifformearden en herfoarmen fan Bakkefean de PKN-gemeente It Keningsfjild.[1]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De 16e-iuwske tsjerke fanút it súdeasten
-
Ynterieur âlde tsjerke
-
Lykhûske
Oare tsjerken PKN-gemeente It Keningsfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Petrustsjerke, Oerterp
- De Mande, Bakkefean
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|