Jo Vegter

Ut Wikipedy
Jo Vegter
Yr. Vegter (rj), 1961
Yr. Vegter (rj), 1961
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Jacobus Margarethus Vegter
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 16 septimber 1906
berteplak Sappemeer
stoarn 7 augustus 1982
stjerplak Gorssel
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Johannes Jacobus Margarethus (Jo) Vegter, yn de literatuer faak J.J.M Vegter, (Sappemeer, 16 septimber 1906Gorssel, 7 augustus 1982) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jo Vegter wie in soan fan haad fan 'e skoalle Johan Georg Christoph Vegter en Wilmkje Everts. Hy boaske oan Julie van de Kieft (1913-2007), dochter fan politikus Johan van de Kieft, dy't fan 1952 oant 1956 minister fan Finânsjes út namme fan de Partij fan de Arbeid wie. Soan Chris Vegter waard ek arsjitekt.

Hy groeide op yn De Haach, studearre boukunde yn Delft, fêstige him yn 1935 in Ljouwert oan de Harnzerstrjitwei 26 as opfolger fan architekt Doeke Meintema en luts ek yn Meintema syn filla oan de Harnzerstrjitwei. Yn de Twadde Wrâldoarloch brocht er tegearre mei syn freon Bram Wassenbergh fan it Frysk Museum ek wol keunstwurken yn feilichheid. Nei de oarloch siet er yn de weropboukommissy fan Rotterdam. Vegter wie ryksboumaster fan 1958 oant 1971.

Dêrneist wie er fan 1936 oant 1958 learaar Algemiene Boukunde oan de MTS. Hy siet in ferskillende kommisjes yn Fryslân en wie bestjoerslid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten.

Hy wie dosint fan 1956 oant 1964 oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft. As learling fan Marinus Jan Granpré Molière hearde er yn de begjinjierren fan syn karriêre ta de Delftse Skoalle. It Ministearjegebou fan Finansjen yn Den Haach (1975) is in foarbyld fan it Brutalisme.

Vegter boude fierders ûnder oare it provinsjehûs yn Arnhim, it nije stêdhûs en de studintesoasjeteit yn Grins, de gerjochtsgebouwen yn Hilfertsom en Wageningen, de wettertuorren yn Dokkum en Drachten. Yn Ljouwert û.o. de Kuriostsjerke, it gebou fan de Wetterlieding oan it Saailân, de Ryks Pedagogyske Akademy, wenten oan de Heliconwei, de Ingelumerstrjitte, de Harnzerstrjitwei. Dêrneist restaurearre Vegter stedhuzen en tsjerken, wêrûnder dy fan Jannum, Aldeboarn, Westergeast, Dokkum Jorwert en Frjentsjer. Vegter syn arsjitekteburo makke ek stêdeboukundige útwreidingsplannen foar gemeenten. Yn 1976 gie soan yr. Chris Vegter in maatskip oan mei syn heit.

Vegter waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, Ridder en by befoardering Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Argyf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 30 oktober 2018 waard it argyf fan arsjitekteburo Vegter troch Chris Vegter offisjeel oerdroegen oan Tresoar. Tresoar beskôget it argyf fan nasjonaal belang, mei't it in goed byld fan de stêdeboukundige skiednis fan de 20e iuw jout.[1]

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vegter syn ûntwerp (yn 'e mande mei Johannes F. Berghoef) foar it nije stehûs fan Amsterdam yn de jierren sechtich waard net realisearre, mar makke him wol lanlik bekend. De útwreiding fan it stedhûs fan Grins, doedestiids bekend as it Nieuwe Stadhuis waard wol útfierd, mar waard al yn 1996 wer sloopt.

Jier Bouwurk Plak Ofbyld
1944 Restauraasje tsjerke Janum Jannum tsjerke.jpg
1943 Brânwarkazerne Rhenen Overzicht van de brandweerkazerne met blustoren, rechts de Cuneratoren - Rhenen - 20398411 - RCE.jpg
1952 Moalfabryk Latenstein Rotterdam Rotterdam rijnhaven meelfabriek.jpg
1954 Studinte Soasjeteit Mutua Fides Grins MF Voorzijde links.png
1954 Provinsjehûs Arnhim 2009-11 Arnhem HdP.JPG
1955 Slaakhuys Rotterdam Rotterdam slaakhuis.jpg
1958 Wettertoer Dokkum Watertoren Dokkum 10w.JPG
1959 Wettertoer Drachten Watertoren Drachten 12w.JPG
1959 Fakânsjehûs Gorssel
1960 Ichtustsjerke Snits Aanzicht vanuit het noorden - Sneek - 20419213 - RCE.jpg
1962 Nije Stedhûs Grins Exterieur Grote Markt - Groningen - 20092462 - RCE.jpg
1964 Kantongerjocht Wageningen Kantongerecht Vegter.JPG
1964 Haadkantoar wetterliedingbedriuw IWGL Ljouwert
1967 Europaleanetsjerke It Hearrenfean Europalaankerk 01.JPG
1967 Kantongerjocht Hilfertsom Overzicht van de voorgevel met de ingangspartij en van een gedeelte van de linker zijgevel - Hilversum - 20389400 - RCE.jpg
1970-'73 Skoalle foar Technysk Underwiis Grins 20120315 Van Schendelstraat 1 (vm School voor Technisch Onderwijs) Groningen NL.jpg
1975 Ministearjegebou fan Finansjen De Haach Ministerie van Financiën 1.jpg

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tresoar: Vegters archief van nationaal belang, Frysk Deiblêd, s.24, 31 oktober 2018.