Springe nei ynhâld

Jannum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Janum)
Jannum
Tsjerkestrjitte
Tsjerkestrjitte
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 40 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,13 km²
- lân: 3,07
- wetter 0,06 km²
Befolkingsticht. 19 ynw./km²
Oar
Postkoade 9107
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 5° 54' E
Offisjele webside
Side De Flieterpen
Kaart
Jannum (Fryslân)
Jannum
Diakonijwenten yn Jannum

Jannum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Jannum leit noardeastlik fan Burdaard, eastlik fan Jislum, súdwestlik fan Raard en besuden Lichtaard. Jannum hat 40 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Tsjerkestrjitte op de terp fan Jannum.

De buorskip Smidshûs heart ek by Jannum.

Der wurdt tocht dat Jannum al foar de jiertelling bewenne wie. It kleaster Klaarkamp hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn Dantumadiel grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de Dokkumer Ie, in part fan Dantumadiel wurden. De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de reformaasje waard Jannum mei Burdaard kombinearre.

Jannum wie ek wichtich yn de ferbining tusken Ljouwert, Ferwert en Dokkum. De rydwei tusken dy plakken rûn oer Jannum. Troch de Jannumer Feart, in sydfeart fan de Dokkumer Ie, setten ek skippers harren dêr ta wenjen.

Jannum hearde by Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út Reitsum en Ginnum. Om it doarp libben te hâlden waard oansluting fûn by de Flieterpen: Ginnum, Jannum, Reitsum en Lichtaard. By de grinswiziging fan 1984 waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. De gemeente Ferwerderadiel gyng yn 2019 op yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan beskerme doarpsgesicht krige.

Sûnt 2019 leit Jannum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Ferwerderadiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel.

Jannumer tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Jannum.

De romanogoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e iuw is it nedige feroare.

De tsjerke fertutearze neitiid jimmeroan mear. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt J.J.M. Vegter. Dat wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden. De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Dêr hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de midsiuwske foarm.

Nei de restauraasje waard de tsjerke yn 1947 in úthôf fan it Frysk Museum. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dat waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de 12e iuw. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.

Letter hat it Frysk Museum de úthôven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de Stifting Monuminten Ferwerderadiel oprjochte, dy't it tsjerkemuseum ûnder syn noed naam. De tsjerke, dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, waard ek oan dy stichting ferkocht. Mei de oerdracht fan de tsjerke en de toer fan Wânswert gyng de eardere Stifting Monuminten Ferwerderadiel op yn de Stifting Monuminten Noardeast-Fryslân.[3]

By tsjerke steane trije diakonijwenten út de 17e iuw. Dy binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.

Oan de Iedyk leit in pleats mei de namme "Bannershûs" of ek wol "Binnertshûs". It ûntstean fan dy nammen leit yn de namme "Bernardohûs". It kleaster Klaarkamp hie ek frijwat besit oan de oare kant fan de Dokkumer Ie. It kleaster hat dêr doe in úthôf stifte. Slagge is dat net. De úthôf is wer opjûn en it besit waard ferhierd oan in kleastermeier.

Ut dizze kleastermeiers binne de Van Beyma's ûntstien. Nei de reformaasje hawwe de Van Beyma's de grûn oerkocht fan de Steaten. Yn 'e rin fan tiid krigen de Beyma's troch dat sy as amtner mear ynfloed hienen en boppedat ek noch better fertsjinnen as mei boer wêzen.

Tsjerkestrjitte 8
Pleats oan de Tsjerkestrjitte

De Flieterper doarpen hawwe mei-inoar in doarpshûs yn de eardere grifformearde tsjerke fan Reitsum. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn 't jier. Ek tsjerklik en wat it ferieningslibben oanbelanget arbeidzje de Flieterper doarpen mei-inoar op.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1744 hie Jannum by de folkstelling 44 ynwenners. Van der Aa neamde yn de 19e iuw 100 ynwenners.

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2008
Ynwenners 74 72 55 66 54 65 61
Jier 2014 2022
Ynwenners 57 56

Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.

Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht. De riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje