Moarre

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moarre
Flagge fan Moarre Wapen fan Moarre
Flagge Wapen
Lokaasje fan Moarre
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 240
Webstee Webstee Moarre-Ljussens
Moarre fanút it sudwesten. It tsjerkje falt op tusken de hege beammen.
tsjerke fan Moarre

Moarre is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel en hat sa'n 240 ynwenners. Der wurdt wol tocht dat Moarre al inkele iuwen foar de jiertelling ûntstien is.

Moarre wurdt meastentiids tagelyk mei Ljussens neamd. It binne twillingdoarpen. Sa hawwe dan ek mienskiplike foarsjenningen. Moarre is in greidedoarp en yn Ljussens is de bou it wichtichst. Dat sy hawwe beide in oare skiednis en bouwize. It molkfabryk "De Dongeradielen" fan 1915 is yn 1973 sletten.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Moarre diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme sil fan "sompich lân" komme. Dit kin strike, want Moarre leit oan de noardkant fan it gebiet tusken Eanjum en Ie dat De Kolken neamd wurdt en earst sa om 1900 hinne, troch de wetterstân better te regeljen brûkber makke is. Guon miene dat de plaknammen 'Longonmore' en 'Mure', út de registers fan Kleaster Fulda (twadde helte 8e iuw), Moarre betreffe.

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeisk Moarre leit oan de Lauwersseewei tusken Mitselwier en Eanjum. De Moarster Feart rint fan Moarre nei it súdeasten nei de Reidswâl ûnder Mitselwier en slút der oan op de Suderie.

Moarre/Ljussens lei sûnt 1913 oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum. Allinne de namme "Stasjonswei" is oerbleaun. It spoar is yn de Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Sûnt 1933-36 waarden der al gjin reizgers mear ferfierd.

It doarpsbestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, Heemstra en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.

Ta de himrik fan Moarre hearde ek Fridhuistrastate ûnder Mitselwier.

De tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerbliuwsel fan frouluskleaster Weerd yn 1723

De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de 13e iuw. Yn de 18e iuw hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn 1737. Yn 1843 hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '16e iuwske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan 1659 en getten troch Iurien Balthasar út Ljouwert.

Yn de tsjerke binne noch sarken út de 16e oant 18e iuw. Ut 1625 is it lytse epitaaf foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan Ginnum, bewenners fan Heemstrastate.

Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch Johann Michaell Schwarzburg út 1740. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht. Yn 1989 hat oargelmakkerij Bakker & Timminga de disposysje wer werom brocht sa as Schwarzburg dy oplevere hie.

It kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it Kleaster Weerd of Templum Domnini (de Tempel fan God) op in terpke. Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei basisskoalle 'De Griffel.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Advendo - muzyk
  • Warber Bliuwe - Moarre/Ljussens

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achterwei, Bûtenwei, Fjellingswei, Grutte Buorren, Griene Reed, Headamsterwei, Hearrewei, Keechsdyk, Kleasterwei, Koudenburgerreed, Lytse Buorren, Moarsterwei, Skyligerwei, Teatske Alzumstrjitte, Tsjerkestrjitte, Weardwei.

  • Teatske Alzum fan Moarre wie in Frysk skriuwster (1899-1962). Kate Ashton út Skotlân skreaun oer har it boek "Teatske Alzum har wrâld".

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: