Springe nei ynhâld

Heemstrastate (Moarre)

Ut Wikipedy
Heemstrastate yn 1723 troch J. Stellingwerf
Heemstra op de Schotanuskaart.
Oan de Hearrewei tusken Ropta en Moarre

Heemstrastate wie in state súdwestlik fan Moarre oan de Hearrewei fan Mitselwier nei Eanjum.

Sippe Heemstra wie ien fan de haadlingen út East-Dongeradiel dy't by it sluten fan de frede mei Grins yn 1449 wie. Hy hearde ta de Fetkeapers en waard yn 1474 fêstset op Jancko Douwema syn stins yn Langwar. Syn soan Sijds moast neat hawwe fan oansluting by Grins en dat hat him it libben koste. Sijds syn soan Sippe keas partij foar de Boergonjers en waard balling.

De state kaam begjin 16e iuw oan Frans fan Scheltema dy't boaske wie oan de widdo fan Sippe Sijds. Der lizze Scheltema's yn de Moarster tsjerke. Yn 1676 waard de state kocht troch de famylje Andreae en beskreaun as: Hiemstra State en de sate met stins, huisinge, poort, singels, grachten en homeijen. De gestoelten in de Kerk en begrafenisse to Morra sieten by de keap yn.

Yn 1738 en 1748 wurdt Johan Poppe Andreae van Plettenberg as eigner neamd en yn 1787 is dat oerste Sluijterman. Yn 1800 wurdt 'de Stins Scheltema met poort onder Morra' te keap oanbean en in jier letter wer, mar dan as sloopobjekt.

Fan Jacobus Stellingwerf is in tekening bekend fan in hûs mei it ûnderskrift behoort tot Metslawier aen den Hr van Plettenburg dat wierskynlik Heemstrastate foarstelt.

Op de kadastrale minútkaart fan 1832 is it (ûnbeboude) terrein mei in greft rûnom noch dúdlik oanwêzich. Anno 2010 docht op it plak fan Heemstra neat mear tinken oan de state. FAMKE klassifisearret it perseel as 'fan archeologysk belang', mar it boaiemargyf is troch lânbouaktiviteiten fersteurd.

Eigners en bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1449 Sippe Tjaerda/Heemstra en Ansck Heemstra
  • ? - 1491 Ansck Heemstra
  • 1491 - Feye, Rienk en Syds Heemstra
  • 1511 Sippe Sydsz. Heemstra
  • widdo fan Sippe Sydsz. Heemstra troud mei Frans fan Scheltema
  • Wopke Scheltema thoe Morra
  • Sippe fan Scheltema troud mei Rixt fan Scheltema
  • Rixt fan Scheltema troud mei Tjerck Goslicks van Herema
  • Frouck fan Herema troud 1) Henning Georg fan Andreae; 2) Lambert fan Coehoorn
  • 1676 famylje Andreae
  • Rixt fan Andreae troud 1) Casper Tiddinga; 2) Willem fan Haren
  • Elisabeth Titia fan Haren troud mei Hendrik Casimir fan Plettenbergh
  • 1738, 1748 Johan Poppe Andreae fan Plettenberg
  • 1785 Hendrik Casimir fan Plettenberg
  • 1832 Folkert Cornelis Botma

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • FAMKE: Friese Archeologische Monumentenkaart Extra
  • F. B. Postma-Saan - Steekproefrapport 2009-04-03 ISSN 1871-269X Metslawier, kassenkompleks Ropta, gemeente Dongeradiel. Buro 'De Steekproef' bv, Súdhorn
  • Herma M. van den Berg Noordelijk Oostergo/De Dongeradielen, 1983. Haadstik Moarre.