De Reidswâl

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Reidswâl)
Jump to navigation Jump to search
Reidswâl 2009
Stoombûterfabryk "De onderneming". Meitsjen fan fijne molkprodukten

De Reidswâl is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Reidswâl leit eastlik fan Mitselwier oan de Suderie en de Moarster Feart. De namme komt mooglik fan 'riid', in geul mei streamend wetter. It part noardlik fan de tille oer de Moarster Feart heart by de himrik fan Moarre; it sudlik part falt ûnder Mitselwier.

Justjes westlik fan de brêge, oan de súdlike ouwer fan de Súdie lei de (Pelfinne)burch of Pelfinne, dêr't lykwols fierders neat oer bekend is, dy't neffens it floreenkohier fan 1768 ôf ta de eigners fan Roptastate hearde. Yn Mitselwier is der in strjitte nei neamd, Pelfinne.

Oan de Reidswâl stiet noch in oerbliuwsel fan it eardere bûterfabryk mei de eardere direkteurswent. Dy waard 6 juny 1888 iepene as de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek "De Onderneming". De oannimmers Vollmer en Erich út Dokkum wiene de bouwers. Sa'n 23 boeren út Mitselwier en omkriten brochten de molke yn.
Op 9 juny 1927 is it hiele fabrykskompleks iepenbier ferkocht.