Meddert
Meddert | ||
Polityk | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
himrik | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' 18" N 5° 54' 8" E | |
Kaart | ||
Meddert is in buorskip dy't yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Meddert leit westlik fan Waaksens en besúden Holwert. Meddert heart ta de himrik fan Holwert.
Sûnt 2019 leit Meddert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it buorskip yn West-Dongeradiel.
De kearn fan it buorskip lei oan de Medwert en de Medwerterwei. It buorskip telt 5 gebouwen, wêr fan 2 loadsen, 2 pleatsen en 1 hûs. De buorskip leit yn de Blijer en Holwerter Polder.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op nije kaarten stiet de húsnamme Groot Medwert neamd dêr't in pleats fuort njonken de terp mei bedoeld wurdt. Dy terp wurdt troch Eekhoff yn de 19e iuw Medderburen neamd en de pleats(en) Gr. en Kl. Medwerd. De kaart fan 1700 neamt allinnich Medderbuiren. It giet hjir om in âlde namme dy't grif yn de 9e iuw as Metwid oanhelle wurdt. Yn 944 wurdt Medunwrth neamd. De namme giet dan fan Medewerth út de 12e iuw nei Medwert yn 1511 en 1543 nei de hjoeddeiske namme Meddert.
De útgong -wert hat grif as betsjutting midden, buorren sil der letter bykomd wêze.
Berne yn Meddert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Theo Hiddema, abbekaat en lid fan de Twadde Keamer.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|