Theo Hiddema

Ut Wikipedy
Theo Hiddema

Theo Upt Hiddema (Meddert-Holwert, 1 april 1944) is in Nederlânske abbekaat en politikus fan Frysk komôf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiddema waard opbrocht op in pleats yn Meddert. Sawol syn 25 jier âldere broer as syn heit wiene lid fan de NSB. Doe't er alve jier wie waard er út hûs set troch syn âlden en waard er opnaam yn in pleechgesin yn Ljouwert en siet er syn fierdere jonkheid foar it meastepart op ynternaten. Yn syn jonge jierren waard Hiddema polityk links mei't dat doe yn de moade wie.

Abbekaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiddema studearre rjochten oan de Universiteit Grins, mei in spesjalisaasje yn it strafrjocht. Hy wie lid fan it Grinzer Studinte Korps Vindicat. Nei in staazje by Max Moszkowicz begûn er yn 1981 syn eigen praktyk, wilens mei filialen yn Amsterdam en Maastricht.

Hiddema krige nasjonale bekendheid troch inkelde bekende strafsaken, ûnder oare de pensjoenssaak fan Florrie Rost van Tonningen-Heubel en de strafsaak tsjin de Binde fan Venlo. Doe't Haitske van de Linde ferfolge waard, omdat se Michiel Smit "de grutste neonazy fan Nederlân" neamd hie, ferdigene hy har mei súkses.

Hy is in bekend figuer yn de media, net allinnich fanwegen syn wurk, mar ek troch syn ûngewosken mieningen. Dy bringe him bytiden yn de problemen: yn 1998 waard hy beskrobbe doe't er in sjoernaliste beledige hie.

Politikus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiddema kaam iepentlik út foar syn sympaty foar de PVV. Yn 2016 sleat er him lykwols oan by in oare partij; it Foarum foar Demokrasy. Op 28 desimber fan dat jier stelde Hiddema him beskikber as kandidaat by de Twadde Keamerferkiezingen 2017. Hy kaam op it twadde plak fan de kandidatelist te stean, direkt ûnder listlûker Thierry Baudet. Mei't it FfD twa sitten yn 'e Twadde Keamer wist te bemachtigjen, waard Hiddema yn maart 2017 folksfertsjintwurdiger. Op 27 maaie 2019 brochten tsien fan de alve Steateleden fan Súd-Hollân harren stim út op listtriuwer Hiddema foar de Earste Keamerferkiezingen 2019.

Op 24 novimber 2020 gie Hiddema fuortendaliks út de Twadde Keamer wei. As reden neamde er himsels "politiek arbeidsongeschikt". Syn ôftreden kaam middenmank it fuortgean fan tal fan oare FvD-leden nei oanlieding fan krityk binnen de partij dat der te min optreden wurde soe tsjin ûnderstelde anty-Joadske stimmingen binnen de FvD-jongereinorganisaasje. Flak foar de kryst 2020 makke Hiddema buorkundich listtriuwer foar FvD wurde te wollen by de Twadde Keamerferkiezingen fan maart 2021. Oanfang jannewaris 2021 sei Hiddema dochs net as listtriuwer fungearje te wollen. Op 8 april 2021 makke Hiddema bekend as Earste Keamerlid werom te kommen yn de polityk. Fan 13 april dat jier ôf nimt er as senator de sit yn fan Nicki Pouw-Verweij. Op 30 maart 2022 ferliet Hiddema it FVD om't de Twadde Keamerfraksje fan dy partij net oanwêzich wêze woe by in speech per fideo fan de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky yn de Twadde Keamer. Sûnt 31 maart sit er tegearre mei Paul Frentrop (fraksjefoarsitter) yn de fraksje-Frentrop.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiddema wie oant 2016 troud mei Gerrie Hiddema dy't yn dat jier ferstoar . Dat hat in grutte impact op him hân, wêrtroch't er gjin ambysje mear hie foar syn advokatepraktyk.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2014 publisearre sjoernalist Stan de Jong in autorisearre biografy oer Hiddema. Yn it boek ferhellet Hiddema oer it NSB-ferline fan syn famylje, de jierren dat er wurksum wie op it kantoar fan Moszkowicz yn Maastricht en syn spul mei him, syn bewûndering foar de politisy Pim Fortuyn en Geert Wilders en in stikmannich geruchtmakende strafsaken dêr't er yn pleite, ûnder mear tsjin de Binde fan Venlo en de saak dy't bekend waard as de Limburgske IRT-affêre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: