Medwert
Medwert | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
himrik | Holwert | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' 18" N 5° 54' 8" E | |
Kaart | ||
Medwert is in buorskip dy't yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Medwert leit westlik fan Waaksens en besuden Holwert. Medwert leit yn de himrik fan Holwert.
De bebouwing fan Medwert leit oan de Medwert en de Medwerterwei. De kearn bestiet út 6 adressen oan de Medwert en 3 oan de Medwerterwei.
De buorskip leit yn de Blijer en Holwerter Polder.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op nije kaarten stiet de húsnamme Groot Medwert neamd dêr't in pleats fuort njonken de terp mei bedoeld wurdt. Dy terp wurdt troch Eekhoff yn de 19e iuw Medderburen neamd en de pleats(en) Gr. en Kl. Medwerd. De kaart fan 1700 neamt allinnich Medderbuiren. It giet hjir om in âlde namme dy't grif yn de 9e iuw as Metwid oanhelle wurdt. Yn 944 wurdt Medunwrth neamd. De namme giet dan fan Medewerth út de 12e iuw nei Medwert yn 1511.
De útgong -wert hat grif as betsjutting midden, buorren sil der letter bykomd wêze.
Sûnt 2019 leit Medwert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei er yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn West-Dongeradiel.
Berne yn Medwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Theo Hiddema, abbekaat en lid fan de Twadde Keamer.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|