Tilbuorren
Appearance
Tilbuorren is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Tilbuorren leit tichtby, oan de westkant fan, Eastrum; in pear kilometer fierder nei it westen leit Dokkum. De wei troch de buorskip hjit Mellemawei, neamd nei de eardere Mellemastate.
Tilbuorren is ûntstien by in tille oer de Eastrumer Opfeart, wat syn namme ek ferklearret. Yn 1664 waard Tilbuorren fernijd as Tilbuyren, yn 1718 as Tilbuiren en yn 1861 as Tilburen.