Springe nei ynhâld

Kleaster Klaarkamp

Ut Wikipedy

Kleaster Klaarkamp, ek wol skreaun as Claerkamp of Claarkamp, offisjeel Monasterium beate Maria de Claro Campo (kleaster fan de Hillige Marije fan Klaarkamp) wie in sistersjenzer kleaster tichtby it doarp Rinsumageast.

Opgravingskaart Van Giffen 1939/40

It kleaster waard om 1165 stifte fanút it Dútske sistersjenzerkleaster Riddagshausen. Klaarkamp wie it earste sistersjenzerkleaster yn Noard-Nederlân. De sistersjenzermûntsen kamen oarspronklik út de Frânske Abdij fan Clairvaux, wat "it ljochte dal" betsjut. Klaarkamp betsjut "it ljochte fjild". De mûntsen droegen wite kapen. De likebruorren droegen grize kapen en waarden skiere mûntsen neamd.

Ut Klaarkamp wei waarden in soad oare kleasters stifte, ûnder oaren by Boalsert (Kleaster Blomkamp; 1190), Aduard(1192) en Gerkeskleaster (Jeruzalem; 1249). Mar ek yn it Dútske Ihlow wie in dochterkleaster.

De mûntsen fan Klaarkamp makken ûnder oaren âlde friezen, bakstiennen makke fan de klaai dy't se tichtby it kleaster ôfgroeven. Dêrtroch ûntstie de Klaarkampster Mar, tsjintwurdich in dridzich gebiet dat troch Steatsboskbehear beheard wurdt. De mûntsen bebouden ek it lân en stutsen turf.

Op it hichtepunt hie it kleaster 2500 hektare grûn en sa'n 80 pleatsen yn eigendom. Yn it kleaster wennen tsientallen mûntsen en inkele hûnderten likebruorren. Teffens hie it kleaster ferskate úthôven, dêr't Sibrandahûs nei alle gedachten ien fan wie. Dêrneist wie der in úthôf yn Jannum en ek de Skierstins tichtby Feanwâlden hearde fan 1439 ôf by it kleaster. Ek Skiermûntseach ("eilân fan de skiere mûntsen") hearde ta it kleaster Klaarkamp. It kleaster hie ek in grutte wrâldske betsjutting. Sels de Frânske kening is op besite west.

By de twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers hearde Klaarkamp uteraard ta de Skieringers. In oar kleaster, Foswert by Ferwert, hearde ta de Fetkeapers. Doe't yn 1387 de tsjerke fan Foswert ôfbaarnde krige Klaarkamp dêrfan de skuld en by wize fan wraak waarden fjouwer mûntsen út Klaarkamp deaslein. Pas folle letter waard it skeel bylein.

Yn de Tachtichjierrige Oarloch gie Fryslân oer fan it katolisisme nei it protestantisme. De kleasters, wêrûnder Klaarkamp, waarden op 31 maart 1580 opheft en de besittings ferfoelen oan de Steaten fan Fryslân. De kleasters waarden ôfbrutsen, de grûn en de stiennen dêr't de kleasters fan boud wienen waarden ferkoft.

Tusken 1858 en 1941 waard de terp dêr't Klaarkamp op boud wie ôfbrutsen en de grûn waard ferkoft. Oarspronklik wie de terp sa'n fjouwer en in heale meter heech. De oerbliuwsels fan it kleaster yn de grûn hawwe sûnt 2016 in beskerme status. Yn septimber 2021 krige it hiele kleasterterrein de status fan argeologysk ryksmonumint. [1]

Archeologysk ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Byldhoude kop fûn op it stee fan Klaarkamp

By it ôfgraven fan de terp waarden in protte archeologyske fynsten dien út de tiid fan it kleaster, mar ek in soad âldere, út de Romeinske tiid. De archeolooch Van Giffen hat yn de jierren '40 ûndersyk dien, mar fan de resultaten is it measte nea publisearre. Yn septimber 2010 is it terpoerbliuwsel wer ûndersocht troch de Rykstsjinst foar Kultuereel Erfguod. Der binne trije troch proefslûven dold. Wol is in part fan de út kleastermoppen leine fûneminten fûn en in part fan de eardere greft, mar it grutste part fan it boaimargyf is al wei troch de ôfgravingen yn it ferline.[2]

  • Praamstra/Boersma: Die archäologischen Untersuchungen der Zisterzienserabteien Clarus Campus (Klaarkamp) bei Rinsumageest (Fr.) und St. Bernardus in Aduard (Gr.), Palaeohistoria 19, 1977, s. 173-259;
  • Boersma: De voormalige abdij Klaarkamp bij Rinsumageest archeologisch verkend, Publikatieband Stichting Alde Fryske Tsjerken 2, 1978, s. 77-88;
  • J.A. Mol: Besitzerwerbungen der friesischen Zisterzienserklöster Klaarkamp, Bloemkamp und Gerkesklooster, yn: K. Elm (Hrsg.)., Erwerbspolitik und Wirtschaftsweise mittelalterlicher Orden und Klöster, Berliner Historische Studien 17, Ordensstudien 7 (Berlin 1992), s. 67-96.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nu ook status van monument voor terrein Claerkamp; Frysk Deiblêd, 10 septimber 2021, s. 22
  2. Actief 22 sept. 2010: Klooster Claercamp weer even bovengronds