Skierstins (Feanwâlden)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De skierstins yn 2014.
De skierstins om 1927 hinne.

Om 1300 hinne is yn Feanwâlden de Skierstins boud. It âldst bekende dokumint oer de Skierstins is in stik fergield perkamint út it jier 1439. Dêryn wurdt oer it Schira Monnika huse skreaun. De Skierstins is de lêste oerbleaune stins yn Fryslân en dy't net ynboud is yn in state.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stins waard boud om 1300 hinne. Letter waard it bouwurk bekend as de Skierstins. De stins is neamd nei de mûntsen fan it Kleaster Klaarkamp (Claercamp) by Rinsumageast, dy' ta de Bernardinen of Skiere mûntsen hearden. Hja hienen de stins yn 1429 yn besit krigen en brûkten dy as úthôf. Yn de twadde helte fan de 16e iuw kaam hy yn partikuliere hannen en waard it gebou fergrutte. Yn 1814, doe't de doedestiidske boargemaster fan Ljouwert Thijs Feenstra eigener waard, hie de toer twa 16e iuwske oanbouwen. De boargemaster liet om it kompleks hinne in simmerhûs, in hynstestalling, en in hôf bouwe en der waard in park oanlein. Oan de ein fan de 19e iuw wie de Skierstins sa bot yn it neigean rekke, dat ôfbraak fan it bouwurk noch de iennige mooglikheid like. Mei op inisjatyf fan it Frysk Genoatskip waard it gebou yn 1906 restaurearre. Oant 1960 waard de Skierstins brûkt as postkantoar. Neidat de gemeente Dantumadiel eigener wurden wie, folge begjin sechstiger jierren in nije restauraasje. Dêrnei waard de Skierstins earst in museum (mei in rieds- en in trouseal) en letter in kultureel sintrum. Yn 1999 waard de boppeferdjipping omboud ta eksposysjeromte. Yn 2000 waard yn de Skierstins in Theun de Vrieskeamer ynrjochte, in keamer foar in permaninte tentoanstelling oer skriuwer Theun de Vries, dy't yn Feanwâlden berne is. De kolleksje, dy't beheard wurdt troch it Theun de Vriesgenoatskip, waard yn 2008 frijwat útwreide, doe't in partikulier syn grutte samling oer de Vries oan it genoatskip skonk.

Stinzefloara[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tún om de Skierstins hinne is in ryk ferskaat oan stinzefloara te sjen. De beneaming stinzeplanten, dy't troch de botanikus Dr.Jacob Botke yn 1932 foar it earst brûkt waard, is mooglik ynspirearre troch it feit dat de bewenners fan Feanwâlden it by de Skierstins waaksende Haarlimmer klokkespul mei stinzeblomkes oantsjutten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: