Springe nei ynhâld

Aduard

Ut Wikipedy
Aduard
Grifformearde tsjerke Aduard (2013)
Grifformearde tsjerke Aduard (2013)
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 2.095 (2023) [1]
Oar
Postkoade 9830-9831
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 6° 27' E
Kaart
Aduard (Grinslân)
Aduard

Aduard (Grinslânsk: Auwerd) is in doarp yn de Grinzer gemeente Westerkertier. It leit sa'n fiif kilometer noardwestlik fan de stêd Grins oan de súdkant fan it Van Starkenborghkanaal. It doarp wie oant 1990 it haadplak fan in selsstannige gemeente mei deselde namme, mar yn dat jier is dy part wurden fan de gemeente Súdhorn. Yn 2008 wennen der yn Aduard 2710 minsken.[2]

Yn 1192 waard, dêr't no Aduard leit, troch it kleaster Klaarkamp fan Rinsumageast in abdij stifte, dy't yn de Hege Midsiuwen útgroeide ta it grutste en machtichste sistersjinzer kleaster fan de Ommelannen. Op syn hichtepunt hie it Kleaster fan Aduard mear as 10.000 hektare grûn, wêrfan in part yn Drinte en Fryslân. Yn 1575 moast it ûnder it bisdom Grins komme te fallen, mar de mûntsen wegeren dat. As ferjilding waard it kleaster op 11 septimber 1580 foar it grutste part ferwoaste. Ubbo Emmius wie nei de ferwoasting ûnder de yndruk fan de grutte. De abt koe oer eigen grûn oan de stêd Grins ta rinne. Hy foarme yn 1417 by in bestoarming fan de Westerlauwerske Friezen út de likebruorren in legerke fan mear as 3000 man. Nei 1450 wie it mear akademy as kleaster doe't Willem Frearks Wessel Gansfort en Rodolf Agricola dêr graach tahâlden. De measte gebouwen waarden nei 1580 sloopt en op de púnfallen ûntstie doe it doarp Aduard.

De earste huzen fan it doarp waarden setten dêr't foarhinne de haven fan it kleaster wie. De hjoeddeiske haadstrjitte fan Aduard is de âlde haadwei fan it kleaster. Dêr is noch altyd it iennige gebou te sjen dat fan it kleaster oerbleaun is: de eardere sikeseal (hospitium), dy't sûnt 1595 as herfoarme tsjerke brûkt wurdt. It is it âldste medyske monumint fan Nederlân en in geef foarbyld fan de Noard-Nederlânske Romaansk-Goatyske boustyl.

Yn Aduard stiet ek it Museum Sint Bernardushof, dat oan de skiednis fan it kleaster wijd is. It is festige yn ien fan de âldste huzen fan it doarp (boud om 1600 hinne).

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje