Nijesyl (Grinslân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nijesyl (Grinslân)
Himrik fan Nijesyl (Grinslân)
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Ynwenners (2020) 415
Koördinaten [1]
Netnûmer 0594
Postkoade 9842
Webstee niezijl.com

Nijesyl (Grinslânsk: Nijziel; Nederlânsk: Niezijl), eartiids Bomstersyl, is in doarp yn de gemeente Westerkerrtier yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp leit oan de N355 tusken Grypskerk en Súdhorn en hat goed 400 ynwenners. Troch it doarp rinne twa kanalen: it Nijesylsterdjip en it Hoeredjip. Fiif brêgen ferbine de doarpsdielen mei inoar.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan it doarp ferwiist nei de nije syl (= slús). Eartiids lei westlik fan it hjoeddeiske doarp in seeslús, de Bomstersyl. De slús joech mei de Sint-Elisabethsfloed fan 1421 net genôch feiligens, mar it duorre dochs noch in goede iuw ear't in nije slús (Nijesyl) boud waard.

Mei de bou fan de slús waard ek it Nijsylsterdjip groeven om it ôfwetterjen de ferbetterjen. Yn de Tachtichjierrige Kriich wie de Bomsterskâns by Nijesyl in skoft it iennige bolwurk fan de steatske troepen yn Grinslân. Ferskillende Spaanske oanfallen om de skâns te oermasterjen mislearren.

Súdlik fan it doarp, krekt noch yn it doarpsgebiet fan Noardhorn, stiet oant it Van Starkenborghkanaal staat de weropboude Zwakkenburgermole.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de trije tsjerken, dy't it doarp hie, is der gjin ien mear yn gebrûk. De herfoarme tsjerke is yn 1999 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De grifformeard-frijmakke tsjerke waard yn 2009 sletten, nei't de gemeente tegearre gyng mei de frijmakke tsjerke fan Grypskerk. De grifformearde tsjerke waard as lêste yn 2016 ôfstjitten.

Oant 1996 hie it doarp in kristlike basisskoalle. Doe't it learlingental ûnder de wetlike noarm fan 52 sakke fusearre de skoalle mei De Regenboog yn Grypskerk. De supermerk fan it doarp moast yn 2006 de doarren slute.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: