Djipswâl (Súdhorn)
Appearance
Djipswâl (Nederlânsk en offisjeel: Diepswal) is in buorskip/streek yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân.
Djipswâl bestiet út inkele huzen oan de "stille" kant fan it Hoendjip — oan de "drokke" kant is de provinsjale wei fan Enumatil nei Briltil.
De lizzing ferklearret ek fuort de namme: lizzen op de wâl (= kaai of ouwer) lâns it (Hoen)djip. De kaai is de wetterskieding fan de Fanerpolder. De wei nei it gemaaltsje fan it Moledjip, fan dizze polder is dan ek de ienige (dearinnende) dyk fan it buorskip.