Oldehoofsk kanaal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rolpeal by Oldehove
Frouketil by de útmûning yn it Aduarderdjip

It Oldehoofsk kanaal (Oldehoofsch kanaal, Oldehoofskanaal of Oldehoofsche kanaal), is in kanaal yn de provinsje Grinslân.

It kanaal waard tusken 1825 en 1827 útdold fanwege it eartydske Saaksumersylfest (no wetterskip Noardersylfest) en ornearre as nije ôfwettering. It kanaal rint fan de Boventilstertocht by Oldehove, by Saaksum del, Ezinge, Feerwerd, yn de rjochting fan Frouketil yn it Aduarderdjip (Schifpot).