Springe nei ynhâld

Buikstede

Ut Wikipedy
Utsneed fan de topografyske kaart fan 1932 mei de buert foar de ôfbraak. De boarchstee fan de boarch Buikstede (1) is sichtber oan súdkant mei de lykneamde pleats Buikstede (2) ten noarden dêrfan. De draaibrêge (3) stiet ek op de kaart. De eartiidske wegen tusken boarch, buert en de wei Westerzand-Lutjegast binne oranje werjûn, it noch besteande fytspaad is yn read werjûn.

Buikstede is in streekje yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân, dat bestjoerlik ûnder Sebaldebuorren falt.

De buorskip leit oan it Van Starkenborghkanaal benoarden de wei fan Lutjegast nei Westerzand, oan noardside fan de Westerzandemer molenpolder (eartiidsk Westerzandemer Polder). De buert is ferneamd nei de boarch Buikstede (yn 1638 noch heerd Hendrik Bockesstede neamd), dy' hjir tusken de 17e en 18e iuw stie oan in hoeke fan de Wei fan Westerzand nei Lutjegast. Ten noarden dêrfan stiet noch de pleats Buikstede op it steed fan it byhearrende skathûs. Fanút it boarchterrein rûn destiids in leane rjochttroch nei it Hoendjip dêr't in Draaibrêge oerhinne lei. Yn de twadde helt fan de 19e iuw waarden hjir by it djip in 15-tal huzen omhinne boud, benammen oan súdwestside fan de brêge. Oan de noardside ûntstie de buert Kievitsburen. By it útgraven fan it Hoendiep ta it Van Starkenborghkanaal yn de jierren 1930 waard de brêge weihelle en moast it grutste part fan de huzen wike. Op dat plak steane no noch mar twa huzen. Dit is it eigentlike Buikstede. Besuden hjirfan oan de wei Buikstede nei de wei fan Westerzand nei Lutjegast. It earste diel fan de leane fanút it boarchterrein is letter weihelle.

Parallel ten westen fan it súdlike diel fan de leane rûn fanôf de wei Westerzand-Lutjegast eartiids in boeredykje, dy't fierderop in knik nei it easten makke en de leane fanút de boarch kruse. It eastlik diel fan dit boeredykje is ek yn de tweintichste iuw weihelle, sadat allinnich it noardlik diel fan de leane en it eastlik diel fan de boerdyk noch oer binne. It krúspunt foarmet no in bocht yn de wei Buikstede. De wei Buikstede is no in fytspaad. De dearinnende dyk fanôf Gaarkeuken besuden fan it Van Starkenborghkanaal yn westlike rjochting ten noarden fan de Westerzandemer molepolder wurdt ek Buikstede neamd. Begjin 21e iuw is yn it ferlingde fan dizze wei it fytspaad 't Honderd oanlein nei Eibersburen.

Huzen om de bocht yn it fytspaad fan Buikstede dêr't eartiids beide wegen krusen.
Huzen om de bocht yn it fytspaad fan Buikstede dêr't eartiids beide wegen krusen.
Huzen om de bocht yn it fytspaad fan Buikstede dêr't eartiids beide wegen krusen.  
Leane nei de buert Buikstede (links fan de leane op de eftergrûn) fanôf de bocht yn it fytspaad
Leane nei de buert Buikstede (links fan de leane op de eftergrûn) fanôf de bocht yn it fytspaad
Leane nei de buert Buikstede (links fan de leane op de eftergrûn) fanôf de bocht yn it fytspaad  

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: