Skathûs

Ut Wikipedy
Skathûs fan de Menkemaboarch
Skathûs by Verhildersum

In skathûs is fan oarsprong de feestâl dy't by in Grinslanner boarch of in Drintske havesate hearde.

By de boargen Verhildersum en Menkemaboarch binne de skathûzen der noch. Yn beide gefallen wurde dy brûkt as restaurant. It skathûs by Verhildersum is net orizjineel, mar is it skathûs fan de eardere Saaksumboarch, dy't yn 1972 ôfbrutsen waard en wer opboud by Verhildersum. By de eardere boarch Hanckema yn Súdhorn waard it skathûs yn 1965 fannijs boud.

Scat of skat is Aldfrysk foar fee. It skathûs wie de stâl, dat net, sa't wol miend wurdt, it plak dêr't it jild fan de boarch bewarre waard.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]