Menkemaboarch

Ut Wikipedy
Menkemaboarch yn Uithuizen
Feroarings oan de boarch. Links it stienhûs sa't it dr út seach foar 1614. Midden de ferbouwing fan 1614. Rjochts dy fan ± 1700, lykas no noch te sjen.

De Menkemaboarch yn Uithuizen is ien fan de pear oerbleaune Grinslanner boargen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan de hjoeddeiske boarch leit ein fjirtjinde, begjin fyftjinde iuw. Oannomd wurdt dat foar de boarch op itselde steed al in stienhûs stien hat: Yn in gevelstien út 1614 stiet te lêzen Anno 1400 is Menckemahuis vernelt. Anno 1614 dorch Gods gnade gereparert. Om deselde tiid (1400) waarden mear boargen fernield, wat derop wiist dat dizze bewearing oannimlik is. De earste Menkema dy't neamd wurdt is 'redger' (rjochter) Eppo Menkema yn 1376. De ienige oare Menkema's dy't neamd wurde binne Rypke Mennekumma (1465) en Eylart Menckema (1489). Om 1489 is de boarch mooglik yn hannen fan in frou Bywe to Stedum fan Nittersum, omdat dy doe redger wie op it Menkemahûs yn Uithuizen. Fan in dokumint fan oerdracht is lykwols neat bekend. Mooglik kaam dit troch in houlik tusken Teteke Nittersum en Egbert Clant Menkema, wêrtroch't it hûs (krektas Nittersum om deselde tiid) yn hannen kaam fan de famylje Clant. Egbert wie Spaansgesind en syn dochter troude mei Verdugo syn plakferfangend steedhâlder Antoni de Cocquel. Syn soan Osebrandt erve de boarch en waard yn 1593 oansteld as redger. In jier letter wist hy de boarch te behâlden troch de eed fan trou te ûndertekenjen oan it nije bewâld nei de Reduksje fan Grins (22 july 1594). Yn 1614, doe't hy foar de twadde kear troud wie ( mei Josina Manninga) liet hy de boarch ferbouwe. De boarch bestie oant dan ta út in rjochthoekich gebou, dat fan foarôf besjoen linksefter it hjoeddeiske gebou stiet. Hy liet der in grut stik oan fêst bouwe sadat it in iepen u-foarm krige, wêrby't de yngong oan de lofterside makke waard.

De boarch op de kaart fan Theodorus Beckeringh (1781)

De boarch is yn 1682 yn it besit komd fan de famylje Alberda, dy't sûnttiids ek wol Alberda fan Menkema neamd waard. Unico Alberda hat de boarch om 1700 yngreven ferboud.

De boarch bleau oant it begjin fan de tweintichste iuw yn it besit fan de famylje. Nei it ferstjerren fan de lêste bewenner, Gerard Alberda van Menkema, yn 1902, kaam de boarch leech te stean. Gerard wie ek de eigener fan de boarch Dyksterhûs by Piterbuorren. Wylst dy lêste boarch nei syn dea sloopt waard, bleau de Menkemaboarch sparre. Yn 1921 skonken de erfgenamten de boarch oan it Grinzer Museum.

Hjoeddeiske boarch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is de boarch in museum en jout it in byld fan it libben fan de Grinslanner jonkers yn de santjinde en achttjinde iuw. De byhearrende tún is opnij ynrjochte as in achttjinde-iuwske Hollânske tún. Yn de tún stiet ien fan de pear orizjinele doalhôven yn Nederlân.

Yn it op it boarchterrein steande Skathûs sit in restaurant.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]