Krassum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Krassum

Krassum is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân.

De buorskip leit justjes besuden Garnwerd oan de wei nei Oostum. It Piterpaad rint der trochhinne. Fanâlds wie Krassum in wierde. De âldste fermelding fan de namme is yn 820. Yn dat jier waarden lannerijen by Krassum skonken oan it kleaster Fulda, in kleaster dat stifte wie troch Bonifatius.

De wierde is, lykas in soad oare, yn de 19e iuw ôfgroeven. De ôfgroeven grûn dy't dêrby frij kaam wie in soad frege produkt foar grûnferbettering, benammen yn de feankoloanjes. Dat ôfgraven barde tige drastysk, oant ûnder it oarspronklike meanfjild. Allinnich op plakken dêr't pleatsen stiene waard de âlde wierde yntakt litten.

In 2005 waard begûn mei it werstel fan de wierde. Dêrby wurdt gebrûk makke fan speesje dy't frij komt by it baggeljen fan de farwegen yn Grinslân. Dat werstel sil inkele jierren duorje.