Springe nei ynhâld

Westerkertier

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westerkertier (Grinslân))
De lokaasje fan it Westerkertier yn de provinsje Grinslân
It Westerkertier yn de snuorje fan de Fryske Frijheid
Dizze side giet oer it histoaryske gea. Foar de hjoeddeistige gemeente, sjoch: Westerkertier (gemeente).

It Westerkertier (Grinslânsk: Westerkertaaier, lokaal: Westerkertier of foarhinne ek wol de Grinzer Wâlden[1]) is in gea yn it westen fan de provinsje Grinslân. De streek wurdt beheind troch de Lauwers (dy't ek de grins mei Fryslân is), Drinte, it Reitdjip en de stêd Grins. De grutste plakken yn it Westerkertier binne De Like en Súdhorn.

It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije Ommelannen wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: Fredewold, Langewold en Humsterlân. Letter waard Middag, dy't oant doe in ûnderketier fan Hunzegoa wie, it fjirde. Oant yn de Midsiuwen wiene dy goaen yn wêzen in ûnôfhinklik gebiet, dy't selsstannich lid wiene fan de Ommelanner Uny, njonken Hunzegoa en Fivelgoa. It Ommelanner segel en de munten dy't slein waarden, befetten dan ek de wapens fan alle fiif de goaen. Ek op tsjerklik mêd foarmen dy trije distrikten oant 1559 tegearre mei Achtkarspelen in ôfsûnderlik dekanaat yn it bisdom Múnster. Yn 1594 waard de klassis Westerkertier foarme en waard by de Reduksje fan Grins dat jiers twongen ta oansluting by de provinsje Stêd en Lân. It hjoeddeiske Westerkertier bestiet út it grûngebiet fan de gemeente Westerkertier en de eardere gemeente Heechtsjerk. De gemeente Westerkertier waard yn 2019 foarme út de gemeenten Gruttegast, Mearum, De Like, Súdhorn, en it part fan de gemeente Winsum dat oant 1990 de eardere gemeente Ezinge wie.

Lânskiplik bestiet it Westerkertier út twa parten. It noardlike stik is in âld kweldergebiet fan de Lauwerssee, klaailân dat yn de rin fan iuwen ûnder oaren troch de muontsen fan it Kleaster fan Aduard op de see wûn is. Dit part fan it Westerkertier wurdt rekkene ta de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa en is foardroegen foar de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Om 800 hinne wie dit ien fan de meast tichtbefolke parten fan wat no Nederlân is. De minsken wennen der yn terpdoarpen as Ezinge, Oldehove en Niehove. It súdlike part fan it Westerkertier is in saneamd kûlisselânskip, in gebiet fan sângrûn en ôfgroeven fean, dat tekene wurdt troch houtwâlen en dat in soad hat fan de oanbuorjende Fryske Wâlden. Doarpen as Niekerk, Mearum en Gruttegast lizze yn dizze krite op âlde sânrêgen en binne dan ek lintdoarpen.

Westerkertiersk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de streek wurdt Westerkertiersk sprutsen. Yn dit dialekt fan it Grinslânsk binne in soad ynfloeden fan it Frysk werom te finen, dat yn it Westerkertier oant yn de fyftjinde iuw de deiske taal wie. Yn de doarpen Mearum, De Wylp, Koerherne en De Pein wurdt ek no noch Frysk sprutsen.

It Westerkertier wie ek de namme fan in earder wetterskip, dat him bekroade om de wetterhúshâlding yn in gebiet dat foar it meastepart gearfoel mei it gea. Yn 1995 is it opgongen yn it wetterskip Noorderzijlvest. Yn it westlike part fan it Westerkertier wurde wettersaken fersoarge troch it Wetterskip Fryslân

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fan 1856 ôf brûke advertinsjes yn 'e Ljouwerter Krante de term Groninger wouden regelmjittich, hoewol oerset yn it Nederlânsk. Earste fermelding: Sjeerp Gratema, 'Over de naamsreden, of den naamsoorsprong, van Drenthe', in: Vaderlandsche letter-oefeningen, of tijdschrift van kunsten en wetenschappen 2 (1828), 227-236, 235. De no ferâldere term wurdt ek brûkt troch Douwe Kiestra, De Buorskip, 1970, 103.