Springe nei ynhâld

De Like (gemeente)

Ut Wikipedy
De Like

Leek

flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak De Like
grutste plak De Like
ynwennertal 19.296 (2008)
befolkingstichtens 304 / km²
oerflak 64,27 km²
● wêrfan lân 63,57 km²
● wêrfan wetter 0,70 km²
ferkearsieren A7
skiednis
oprjochte 1808
oar
netnûmer 050, 0594
postkoade 9350-9359, 9810-9819, 9827-9829
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.leek.nl

De Like, (Grinslânsk: (De) Laik, Westerkertiersk: De Lieke, Nederlânsk: Leek) wie in eardere gemeente yn it Westerkertier fan de Grinslân. De gemeente besloech in oerflak fan 64 km², wêrfan 0,63 km² wetter en telde yn 2011 19.329 ynwenners.

Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente De Like tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, Mearum en Súdhorn diel út fan de gemeente Westerkertier.

De Like en omjouwing (2009)

De gemeente, dy't yn 1808 oprjochte waard, bestie neist it doarp De Like út de plakken: Djipswâl, Enumatil, Lettelbert, Midwâlde, Eastwâld, Tolbert en Sânhuzen. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1990 foel ek in diel fan Boerakker ûnder De Like, nei dy tiid foel dat (op inkele adressen nei) by de gemeente Mearum. Plannen om beide gemeenten doe gear te foegjen gienen úteinlik net troch.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]