De Wylp

Ut Wikipedy
De Wylp

De Wylp[1] (Nederlânsk en offisjeel: De Wilp) is in doarp yn de gemeente it Westerkertier fan Grinslân. It doarp leit op 'e grins mei Fryslân. De bebouwing rint oer de provinsjegrins hinne, De Wylp giet dêr oer yn Sigerswâld. De Wylp hat likernôch 1.600 ynwenners.

De namme fan it doarp komt fan de greidefûgel de wylp. De Wylp is stifte troch Fryske arbeiders dy't hjir kamen te wurkjen yn de feanterij. De oarspronklike bewenners holden fêst oan harren eigen taal. De Wylp, De Pein, Kornhorn en Mearum binne de ienige plakken yn Grinslân dêr't tsjintwurdich noch Frysk praten wurdt.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eastertsjerke, PKN gemeente Sigerswâld-De Wylp (oarspronklik grifformeard)
  • Plantsoentsjerke, tsjintwurdich doarpshûs (oarspronklik herfoarmd)
  • Elim, kristlik-grifformearde gemeente Sigerswâld-De Wylp

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.