De Tenten
Appearance
De Tenten is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn it westen fan de provinsje Grinslân. It leit oan de wei De Tenten.
De Tenten leit yn it feangebiet fan Gruttegast. Healwei de 18e iuw begûn jonkhear Danjel Onno de Hertoghe, de hear fan de Rikkerdaboarch by Lytsegast dêr mei de turfwinning. De feanarbeiders waarden ûnderbrocht yn barakken dy't De Tenten neamd waarden. Dy barakken binne wyls ferdwûn, mar de namme foar it gebiet is bleaun.
De Tenten wie ek de namme fan in pleatslik wetterskip dat yn 1880 opgie yn wetterskip Súdpolder.