Juursemakluft

Ut Wikipedy

Juursemakluft wie in buorskip yn de gemeente Westerkertier, fuort beëasten Grypskerk yn de Polder de Juursemakluft. It is tsjintwurdich hast net mear as buorskip te werkennen.

Juursemakluft bestie begjin 20e iuw út trije pleatsen; de linker dêrfan leit no oan de rûnwei fan Grijpskerk, de middelste is ferdwûn en de rjochter leit rjocht efter de linker en hat de reed krekt foarby buorskip '4-Huzen', de fjouwer huzen oan de Fryskestrjitwei bûten Grijpskerk. De pleatsen steane oan de om 1250 ûntstiene âlde dyk, dêr't eartiids de wei Grins-Ljouwert oer rûn; dy rint by Grijpskerk troch strjitte De Roder en yn de oare rjochting lizze yn it ferlingde dêrfan de pleatsen fan Okswert.

De noardgrins fan Polder de Juursemakluft wurdt foarme troch de Fryske Strjitwei, dy 't eartiids de súdlike dyk foarme fan de Rûgewaard en dêr't de Bomstersyl yn lei oant de Tachtichjierrige Oarloch. De namme kluft wiist op in ûnderferdieling fan in kerspel. Oarspronklik wie Juursemakluft ien fan de trije kluften fan Oldekerk en waard dêrom ek wol Oldekerk-Beneden neamd (Grijpskerk/Westerdiken wie doe Sebaldebuorren-Beneden). It doarpke Nijesyl ûntstie yn 1561 yn de polder troch de bou fan de Nije Sleatersyl (neist de Bomstersyl), dy't de Slottersyl by De Kolk ferfong. Dy delsetting waard yn it earstoan ek Juursemakluft of Oldekerk-Beneden neamd.

De kluft lei in ein fan de tsjerke ôf. Doe't Grijpskerk in eigen tsjerke krige, en dêrmei los kaam fan Sebaldebuorren waard Juursemakluft (mei Rûgewaard en Westerdiken) ien fan de trije kluften fan de nije parochy. Yn Grijpskerk is yn de jierren 1980 in strjitte Juursemakluft neamd nei de streek.

Op 17e-iuwske kaarten (wêrûnder de Coenderskaart) is it hûs Meininga yntekene, dat yn stikken neamd wurdt as it stienhûs Meiningaheard. De wapens fan dy famylje binne oantroffen op twa grêfstienen yn de Grinzer Martinytsjerke. De famylje komt foar fan de 16e iuw ôf. Letter is it as Meiningazate (1591) eigendom fan de famylje De Mepsche. Ein 17e iuw kaam it yn hannen fan in boer en ek no noch stiet der in pleats.