Balmahuizen

Ut Wikipedy
Balmahuizen

Balmahuizen is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân (Nederlân). It plakje leit tusken Noardhorn en Niehove, justjes besúdwesten Frytum.

It buorskip bestiet út mar trije buorkerijen. De middelste dêrfan waard yn de 16e iuw bewenne troch it laach Ballema, dêr't it ek nei neamd is. Earder wie it bekend as Sickemahuessen, nei it Sickemahûs, de meast westlike fan de trije pleatsen.

Balmahuizen leit oan de âlde seedyk dy't yn de 13e iuw oanlein is om it doetiidske eilân Humsterlân.