Aalsum (Grinslân)
Aalsum is in âlde wierde yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De wierde leit yn it Humsterlân oan de wei fan Oldehove nei Electra, op de splitsing mei de wei nei Kommersyl. De wierde hat in maksimum hichte fan ûngefear 3,45 meter boppe NAP.
Ten súdwesten fan de wierde stiet de monumintale pleats Holmsterheerd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste spoaren fan bewenning fan de wierde komme út de 1e iuw f.Kr. (lette izertiid). Yn de Midsiuwen stienen 5 hearden op de wierde; Retkestede, Syboltsma, Hayema, Olde Wyge(r)stede (of Olde Wykestede) en Wytsestede. De famylje Hayema bewenne Aalsum iuwenlang. Yn de midsiuwen foarme de wierde it sintrum fan de lykneamde Aalsumer kluft (ien fan de 12 fan it Humsterlân), dy't bestie út Aalsum en de omlizzende himrik. Yn de 19e iuw leinen der noch fjouwer pleatsen. Tsjintwurdich lizze der noch twa pleatsen (Olde Wyge(r)stede en Wytsestede) en in hûs.
De wierde is om 1919 foar it meastepart ôfgroeven; allinnich de noardeastlike en eastlike râne binne bewarre bleaun. By opgravings yn dy tiid fûn archeolooch Albert Egges van Giffen der ûnder oare in iermidsiuwsk grêffjild en ek in houten bôge út de 9e iuw. By boarringen yn 1971 waarden ynhiemsk-Romeinske, midsiuwske en mear resinte diggels fûn.
Yn 2003 waard de wierde oanwiisd as archeologysk monumint. Yn 2005 waarden provinsjale plannen om de wierde werom te bringen yn syn oarspronklike steat ôfblaasd. It oerbliuwsel nei de ôfgraving troch Van Giffen ha sa folle lânskiplike wearde dat 'werstel' net akseptabel wêze soe. Boppedat wie destiids in fytspaad yn oanlis nei Electra, wêrby't it werstel fan de wierde dit proses trochkrúsje soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |