Willemstêd (Grinslân)
Appearance
Willemstêd (Nederlânsk en offisjeel: Willemstad) is buorskip yn de Westerkertier yn it súdwesten fan de provinsje Grinslân. It leit tusken Mearum en Jonkersfeart, besúdeasten fan it doarp Mearum.
De buorskip, besteande út in tsiental fersprate huzen, hat syn namme krigen om 1840. De namme soe ferwize nei Willemstêd in de provinsje Noard-Brabân. In oantal frijwilligers út de streek soe yn de Tsiendeiske fjildtocht legere west hawwe yn it Brabânske Willemstêd en de namme nei ôfrin fan de striid mei nei hûs ta nommen hawwe.