Bokkebuert
Appearance
Bokkebuert is in buorskip yn de gemeente Westerkerrtier yn it westen fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It plakje leit noarlik fan Doezum oan de Doezumertocht, tusken Peebos en de Eesterweg. De buorskip krige yn 2007 eigen plaknammebuorden, mar dy binne letter wer weihelle.
Bokkebuert is nei alle wierskyn ûntstien by it dollen fan de Doezumertocht. De namme soe ôflaat wêze kinne fan bok, Grinslânsk foar geit.