De Poffert

Ut Wikipedy

De Poffert is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân en leit oan it Hoendjip.

It plak is neamd nei de boerepleats De Poffert, dy't wer neamd is nei in koekesoarte koeke. In oare pleats dêr hjit De Pannekoek, sadat de buorskip ek wol De Poffert en de Pannekoek neamd wurdt.

By De Poffert rint de Gave út yn it Hoendjip. De Súdwending, de ferbining tusken it Hoendjip en it Aduarderdjip, begjint ek by de buorskip.