Hoogemeeden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pleats 'Hooge Meeden' mei gevelstien: Anno 1618

Hoogemeeden is in streekje yn de gemeente Súdhorn yn de provinsje Grinslân.

It leit tusken it doarp Den Horn en it Aduarderdjip. De namme Hoogemeeden betsjut hege healannen (sjoch miede). Flakby lizze ek de Lagemeeden, tegearre foarmen beiden ea in kerspel. It streekje is ûntstien by in foarwurk fan it Sistersjenzer kleaster fan Aduard.