Den Horn
Den Horn | ||
Tsjerke fan Den Horn (2020) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 710 (2023) [1] | |
Oerflak | 29,57 km² dêrfan lân: 29,05 km² dêrfan wetter: 0,53 km² | |
Befolkingsticht. | 24 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9832 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
denhorn.info | ||
Kaart | ||
Den Horn (Grinslânsk: Hörn) is in doarpke yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Den Horn hie op 1 jannewaris 2020 406 ynwenners.[2]
It doarp ûntstie lâns de súdwestlike hoeke fan in bediking. De namme ferwiist nei "hichte" of "hoeke". Oant 1 jannewaris 2019 lei it doarp yn de gemeente Súdhorn. Sûnt dy datum foarmet Den Horn ûnderdiel fan de nije gemeente Westerkertier.
Oant 2012 hie it doarp noch in eigen iepenbiere skoalle. De skoalle moast de doarren sluten om't der te min bern op sieten.
It doarp hat twa tsjerken, dy't alletwa net mear yn gebrûk binne. De Fermanje út 1861 waard al sûnt 1968 net mear brûkt en is yn 2018 ferkocht om as wenhûs ferboud te wurden.[3] Oan de râne fan it doarp stiet de eardere herfoarme tsjerke út 1862. De tsjerke waard sûnt 1981 net mear brûkt en yn 2011 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Bûten it doarp leit oan de Nutweg it tsjerkhôf, dêr't de midsiuwske tsjerke fan it eardere doarp Lagemeeden stie. Foar 1862 tsjerken de herfoarme ynwenners fan Den Horn dêr. De 14e iuwske tsjerke waard yn it ramt fan de bou fan de nije eklektyske tsjerke yn Den Horn ôfbrutsen. Foar de reformaasje bewarre dy tsjerke in earmrelyk fan Sint-Margareta.
Om it doarp hinne lizze in pear monumintale pleatsen. It monumint oan de Weersterweg 20 is in pleats mei in foarein út 1618.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|