De Jouwer (Gruttegast)
De Jouwer is in buorkip yn de gemeente Westerkertier. Hy leit east fan Gruttegast, wat súdliker as Kuzemerbalk.
De buorskip leit op ien fan de sânkoppen yn it súdlike Westerkertier. De pleatsen yn 'e buorskip wienen oarspronklik besit fan it kleaster yn Kuzemer. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 kamen de lannen yn hannen fan de provinsje. In diel dêrfan waard yn de 18e iuw kocht troch Danjel Onno de Hertoghe, dy't út De Jouwer wei besocht it omlizzende fean ôf te graven foar de winning fan turf. De arbeiders dy't hy dêrby oanluts waarden ûnderbrocht yn barakken dy't bekend stienen as De Tinten. De ferfeanting wie gjin súkses, mar in diel fan it gebiet stiet noch wol bekend as De Tinten.
De namme De Jouwer ferwiist faaks nei it Fryske hjouwer.