Bisdom Múnster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It bisdom op de kaart fan Dútslân.

It Bisdom Múnster beslacht twa Roomske bisdomsgebieten yn Dútslân.

Gebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske bisdom omklammet de neikommende gebieten:

  • Yn Westfalen: Múnster, Hamm (noardlik fan de rivier de Lippe), Borken, Coesfeld, Recklinghausen, Steinfurt en Warendorf.
  • Oan de Nederryn: Kleef en Wesel
  • Yn Leechsaksen: Delmenhorst (by Bremen-om), Aldenboarch en Wilhelmshaven, de gebieten Ammerlân, Kloppenboarch, Friesland, Aldenboarch Vechta en Wezermersk.

Oant 1559 wienen Grins en Ommelannen en de gemeente Achtkarspelen ûnderdiel fan it bisdom Múnster, dy binne letter by it bisdom Grins-Ljouwert kaam. East-Fryslân leit no yn it bisdom Osnabrück. It East-Fryske Jeverlân, Sealterlân en Bûtjadingen wienen eartyds part fan it bisdom Bremen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom waard yn 793 stifte troch de Fries Liudger. It besit yn Nederlân besloech likernôch it gebiet dêr’t Liudger sels preke hie, dat rûchwei oerienkaam mei de gemeente Achtkarspelen en de Ommelannen.

Nei de reformaasje en tsjinreformaasje, de Tritichjierrige oarloch (1618-1648) en de Frede fan Westfalen (1648) bliuwt Múnster in prinsbisdom. Yn 1650 waard Bearend fan Galen biskop fan Múnster. Hy fierde twa kear oarloch tsjin de Nederlannen. Yn 1672 besocht er de stêd Grins te feroverjen, dêr’t er de namme “Bommen Bearend” oan oerholden hat. It prinsbisdom hâldt yn 1803 op te bestean.