Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Nijesyl)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plakNijesyl
koördinaten53° 15' N 6° 20' E
Arsjitektuer
boujier1661
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer18796
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint yn Nijesyl yn 'de provinsje Grinslân. De tsjerke waard yn 1661 boud en is yn 1999 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

It giet om in ienfâldich sealtsjerkje mei in dakruter boppe de westlike gevel.

It geve tsjerkemeubilêr (preekstoel, klankboerd, doophek en twa hearebanken) datearret út de boutiid fan 'e tsjerke. Under de houten flier lizze in pear âlde sarken.

Yn 'de tsjerke stiet in oargel út it midden fan 'e 17e iuw. De firma Leichel fergrutte it yn 1870. It ienmanualige oargel hat 9 registers en in oanhongen pedaal. Yn fjouwer registers is noch 17e-iuwsk piipwurk oanwêzich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: