Zwakkenburgermole
Zwakkenburgermûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Noardhorn | |
adres | Hoendiep Oostzijde 65 | |
koördinaten | 53°15'N 6°20'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
flecht | 15,8 m | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 397653 [1] | |
Webside | ||
Stifting De Grinslânske Poldermûnen | ||
Kaart | ||
De Zwakkenburgermûne is in poldermûne súd fan it doarp Niezijl en east fan Grypskerk, mar oan 'e westlike grins yn it doarpsgebiet fan Noardhorn, oan it Van Starkenborghkanaal yn 'e provinsje Grinslân.
Ornearre om de Zwakkenburger- en Ellersvelderpolder te bemeallen waard de mûne yn 1865 oarspronklik 200 meter noardliker boud. Yn 1955 ferlear de wynmûne syn funksje. Der waard in diselmotor yn it achtkant set om de fizel tenei oan te driuwen, de wjukken waarden ferwidere en de mûne rekke brekfallich.
Grinslânske mûneleafhawwers setten harren yn om fierder ferfal tefoarren te kommen, mar it duorre noch oant 2002 doe't it achtkant fan it âlde plak helle waard foar in restauraasje. It die lykwols bliken dat it ferfal al sa fier hinne wie dat er foar in part ynsakke.
De restauraasje soe delkomme op in hast nije mûne. Nei it wurk waard de mûne wer opboud oan 'e noardlike kant fan it kanaal. Op 10 oktober 2003 wie de weropbou foltôge en koe de mûne yn gebrûk nommen wurde.
De wjukken hawwe in flecht fan 15,8 meter (oare boarnen 16,8) en hawwe Ald-Hollânsk hekwurk.
Eigner fan 'e mûne is de Stifting De Grinslânske Poldermûnen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|