Springe nei ynhâld

Oerlis:Nijesyl (Grinslân)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Meidoggers. Is Nijesyl ynboargere? By Nijesyl tink ik oan Nijesyl en Dokkumer Nije Silen. Drewes (oerlis) 19 nov 2020, 18.02 (CET)[beäntwurdzje]

Graach in reaksje achte meidoggers. Drewes (oerlis) 21 nov 2020, 17.42 (CET)[beäntwurdzje]
Ik tink "Nijesyl" is wol ynboargere, fral foar plakken yn it Westerkertier, om't dêr wol wat Fryske ynfloed is, tink. Ik soe sizze hâld mar sa't it no is.Kneppelfreed (oerlis) 21 nov 2020, 21.41 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed, Drewes, Wutsje, en Ieneach fan 'e Esk: Bomstersyl is blykber ferâldere, mar Grinslanners neame it sels Niezijl. Dat docht mear tinken oan Nijsyl. Dan is der ek fuort ûnderskied mei Nijesyl. Tulp8 (oerlis) 25 nov 2020, 07.37 (CET)[beäntwurdzje]

Kaartsje

[boarne bewurkje]

Ik woe dit oars ek noch even op it aljemint bringe: siden oer plakken (stêden, doarpen, ensfth.), soe it net moai wêze om in lokaasjekaartsje yn de ynfoboks te setten, sa as bygelyks ik dien haw mei de siden oer plakken yn East-Grinslân. Dan wist teminsten wêr't de plakken lizze. Want doe't ik dizze side seach, moast ik earst op nl sjen wêr't dat plak presys leit.Kneppelfreed (oerlis) 21 nov 2020, 21.48 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, Wutsje, en Tulp8: Yndie Kneppelsma sa'n kaartsje soe moai wêze. No bin ik sels wikipedytechnysk net-ûnderlein, dat faaks kinne oaren dêr wat nuttichs oer sizze (?) Drewes (oerlis) 24 nov 2020, 17.53 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed, Drewes, Wutsje, en Tulp8: Bin ik it yn prinsipe mei iens, mar dizze technyk giet my boppe de pet. Ik haw der alris in tige ûnproduktyf oerke oan bestege, en dat is my min bekommen. Dêrom meitsje ik yn sokke gefallen faak sels eefkes in lokaasjekaartsje oan. Je helje in gaadlike blanko lânkaart fan Commons, sette in reade stip op it juste plak, lade him op... In bern kin de wask dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 nov 2020, 23.45 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed, Drewes, Wutsje, en Ieneach fan 'e Esk:. It moaiste soe wêze as it middels de koördinaten mei in stip op in kaartsje settten wurde kin, lykas op .nl. Dat systeem seach ik hjir noch net, wurdt dat wol al brûkt? Oars soe de fraach ris oan op Wikipedia útsetten wurde kinne oft soks ek foar Wikipedy te meitsjen is. Tulp8 (oerlis) 25 nov 2020, 07.37 (CET)[beäntwurdzje]
My liket dat ek fierhinne it moaiste, mar ek ik soe net witte hoe't ik dat foarinoar krije moatte soe. Niiskrekt haw ik op nl:wiki frege at der immen is dy't fy:wiki dêrmei helpe wol (kepp). Hopelijk ten overvloede en voor degenen die via nl:H:H hier terecht zijn gekomen: in het Nederlands schrijven is hier geen probleem. :-)   Wutsje 25 nov 2020, 11.43 (CET)[beäntwurdzje]