Abdijtsjerke fan Aduard
Abdijtsjerke
Abdijkerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1297 | |
arsjitekt | Unbekend | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 7075 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN-gemeente Aduard-Den Ham-Fransum |
De Abdijtsjerke yn Aduard is in earder kleastergebou fan de Sint-Bernardusabdij en de tsjintwurdige tsjerke fan de PKN-gemeente. Oarspronklik is it de sikeseal fan de abdij dy't nei de reduksje fan Grins yn 1597 hielendal ôfbrutsen waard. Allinne de sikeseal waard sparre en oerdroegen oan de protestanten, dy't it gebou geskikt makken foar in tsjerke fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (sûnt de 19e iuw de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke). De eardere sikeseal út 1297 is it âldst gebou mei in oarspronklik genêskundige funksje yn Nederlân. Njonken tsjerketsjinsten wurdt it gebou ek brûkt foar kulturele manifestaasjes en rûnliedings troch it kleastermuseum "Sint-Bernardushof".
Bouwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hat lang ûnwis west wat de oarspronklike funksje fan it abdijgebou wie. Tocht waard oan in refektoarium, waach of sikeseal, mar yn 1940 waard in rioel ûntdutsen, sadat hast mei wissigens oannommen wurde kin dat it gebou eartiids in sikeseal west hat.[2]
It abdijgebou waard nei de reformaasje in tsjerke en yn twa dielen ferdield. De trije westlike traveeën waard as skoalle brûkt. Yn 1720 waard it ynterieur fan de tsjerke bepleistere. It eastlike diel fan it hek wie (en is) de tsjerke. De skoalmaster en koster wenne boppe de romte dy't as skoalle brûkt waard. Yn de 19e iuw krige de tsjerke in toer en twa pinakels op de foargevel. By de grutte restauraasje fan 1917 oant 1928 is sawol it eksterieur as it ynterieur yn de romanogoatyske styl hersteld. Oan de noardlike kant fan de tsjerke waard by dy restauraasje in treptoer tafoege, dy't nedich waard troch it weibrekken fan in tuskenferdiepping.[3]
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de restauraasje fan 1917-1928 waard in wite stúklaach út 1723 fan de binnenmuorren ferwidere. Tagelyk mei it oanbringen fan in stúklaach krige de tsjerke yn de jierren 1720 ek in nije ynrjochting. Ut dy tiid stamme de preekstoel, de hearebank, denachtmielstafel en twa losse banken. In by de restauraasje fan de jierren 1920 oantroffen midsiuwske mozaïekflier waard op 'e nij oan de westlike kant fan de tsjerke lein. Tsjintwurdich besteane de muorren út skjin mitselwurk.
Klok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hjoeddeiske lûdklok is in oarspronklike kleasterklok, dy't nei de reformaasje ferkocht waard oan de hartoch fan Braunschweig, dy't de klok letter jûn hie oan de Jehannestsjerke fan Wolfenbüttel, Dútslân. De klok waard yn opdracht fan Godefridus, de 34e abt fan de abdij, yn 1554 getten troch Gerrit van den Dam. It slagge P.A. Camphuis om de klok yn te ruiljen tsjin in nije klok en sa koe de kleasterklok yn 1924 wer yn Aduard ophongen wurde. D[4]
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke krige yn 1908 foar it earst in oargel, dat boud waard troch Marten Eertman. By in brân yn de toer yn 1912 troch it ynslaan fan de bliksem rûn ek it oargel skea op. Nei de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1920 kaam ek it oargel yn de tsjerke werom. Yn 1949 waard waard de Fugara 4′ troch in Quint ferfongen. It sleeplade-oargel is mechanysk en hat in oanhongen pedaal.[5]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|