De Mande (Bakkefean)
De Mande | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | Bakkefean | |
adres | Tsjerkewâl 20 | |
koördinaten | 53° 04' N 6° 15' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H. van Hunnik | |
boujier | 1962 | |
Webside | ||
Side PKN gemeente It Keningsfjild | ||
Kaart | ||
De Mande oan de Tsjerkewâl 20 is de eardere grifformearde en tsjintwurdige PKN-tsjerke yn Bakkefean.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanút de grifformearde gemeente fan Duerswâld waard der yn de jierren 1930 evangelisearre yn Bakkefean. Der waard yn 1931 in lokaal oan de Tsjerkewâl 28 boud, sa't it grifformearde ferieningslibben yn Bakkefean bloeie koe en ek fûnen der geregeld tsjinsten plak, mar tsjerklik foelen de Bakkefeanster grifformearden noch ûnder de gemeenten fan Duerswâld en Haulerwyk.
Yn 1959 waard de selsstannige grifformearde gemeente Bakkefean ynstitusjonearre. Yn 1962 folge de bou fan de tsjerke, wêrfoar't it jild foar in part troch de grifformearden út de rest fan de provinsje byinoar brocht waard.
It Keningsfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt it begjin fan 2017 foarmje de grifformearden fan Bakkefean mei de herfoarmen út Oerterp, Sigerswâld en Fryske Peallen en it eigen doarp de PKN-gemeente It Keningsfjild.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it lege front steane de boksen fan in elektroanysk Monarke-oargel.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Petrustsjerke, Oerterp
- Herfoarme tsjerke, Sigerswâld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|