Fryske Peallen

Ut Wikipedy
Fryske Peallen
Flagge fan Fryske Peallen Wapen fan Fryske Peallen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fryske Peallen
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2021) 1.015
Webstee
Fryske Peallen
Fryske Peallen

Fryske Peallen is in doarp yn it noarden fan de gemeente Opsterlân. Fryske Peallen leit flakby de grins mei Grinslân en de doarpen Sigerswâld en Oerterp. It doarp leit oan de wei fan Bakkefean nei de rykswei A7.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rekonstruksje fan in part fan de skâns (2014)

Fryske Peallen ûntstie yn de 18e iuw as ûntginningsdoarp yn it heechfean. Fan om 1600 hinne waard it fean hieltiten fierder ôfgroeven yn de rjochting fan Grinslân oant in kommisje dat fanwege de Grinslanner Steaten ferbea. Pas yn 1724 kaam der in dúdlik grinsferdrach.
It eardere fuotbalfjild fan Fryske peallen lei op Grinslanner grûn en de iisbaan fan de Pealsters leit formeel noch altiten yn Grinslân. Oant 1951 hearde it doarp by Sigerswâld. Pleatslik Belang die doe al jierren war om de doarpsstaus te krijen. It westlike diel fan it doarp foel altiten ûnder Oerterp, wylst it easten ûnder Sigerswâld foel. Sigerswâld rekke oan it nije doarp yn ien klap twa skoallen en in tsjerke kwyt. Gefoelsmjittich bleau buorskip De Haar út de gemeente Mearum by Fryskepeallen hearren.

It wapen fan Fryske Peallen is ôflaat fan de skâns dy't steedhâlder Willem Loadewyk yn 1593 bouwe litten hat, ien fan de skânsen yn Fryslân om de Spaanske legers te warren. De skâns yn it wapen hâldt de Spanjerts tsjin, symbolisearre troch it wapen fan Arragon, mei de symboalen út de Fryske flagge oan de oare kant.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winkels binne net mear yn it doarp. Der wie lange tiid noch in winkeltsje foar elektryske apparaten, in waarme bakker, en in ridende buertwinkel. Ek binne der meardere autohandelers en der is in winkel mei fan alles. Fierders moatte de ynwenners boadskipje yn Oerterp en yn it wat fierder lizzende Drachten. De bibleteekfoarsjenning wurdt fersoarge middels in bibliobus. It multyfunksjonele sintrum hjit "De Dobber". 'De Skâns' en de 'Rehoboth' wiene de skoallen fan it doarp. Dizze binne fusearre ta in brede skoalle.

Jierliks wurdt it Crossed Guitars Festival hâlden yn muzykkafee Ma Kelly's. It festival lûkt ek besikers út it bûtenlân.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerklik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Peallen hat in Grifformearde tsjerke, dy't by de tastânkomming fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân besleat him mei inkele oare beswierre grifformearde tsjerken te ferienjen yn de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, en ek in Grifformeard-frijmakke tsjerke mei ûngefear 400 leden.

Ferneamde lju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Peallen hat 12 strjitten: 't Paad, 't Tolhek, Boskdobbe, De Bodding, De Rusken, De Skieding, De Slûs, Hearsterwei, Kromhoek, Lytse Dobbe, Lytse Leane en Tolheksleane.

  • 't Tolhek hat de grutste Buertferiening.
  • Tolheksleane is ek haadstrjitte.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Peallen is te berikken mei line 84 dy't fan Drachten nei Assen v.v. rydt (alle dagen) en mei line 89 dy't fan Drachten nei Grins (tusken Drachten en Marum as stoptsjinst, fierders as sneltsjinst) v.v. rydt (allinnich troch de wike bûten fakânsjetiid).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It wapen fan Fryske Peallen
  • Willem Dolstra - Zestig jaar Frieschepalen, útjûn troch Pleatslik Belang by gelegenheid fan it 60-jierrich bestean fan Fryske Peallen yn april 2011
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden