Springe nei ynhâld

De Ulesprong (Opsterlân)

Ut Wikipedy
Oerbliuwsel wettermûne en fearpont oan de Nije Feart by de Ulesprong

De Ulesprong is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. De Ulesprong leit noardwest fan De Tynje en súdwest fan Nij Beets, oan it Langerak by de eardere krusing mei de Nije Feart. De slûzen binne yn 1955 romme, mar der stiet noch al, oan de ein fan de Riperwei, in wettermûne sûnder kape en wjukken op de polderdyk. De namme wurdt ek neamd as dUylesprong, op in plak dêr't de wetterwei yn de buert 'ferspringt' yn in soarte dûbele bocht. 'Oele' is 'wetterich lân' of 'sompich wetter'.

Eartiids hie De Ulesprong in eigen iepenbiere skoalle. Op de "Tynjefilm" út 1952 is dat noch goed te besjen.

De Ulesprong hie ek in eigen 'Pleatslik Belang'. Iisklup 'Lyts Begjin' striidt alle winters mei ferskillende oare iisklups om as earste koartebaanwedstriden op natueriis te organisearjen.

Simmers ferbynt in fearpont foar rinners en fytsers de Ulesprong mei de Lange Ripen en it Sudergemaal oan de Beetster kant fan de Nije Feart.

West fan Uleprong leit it natuergebiet De Deelen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje