Sint-Petrustsjerke (Oerterp)
Sint-Petrustsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Sint-Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Selmien-East | |
koördinaten | 53° 05' N 6° 09' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 31866 | |
Webside | ||
PKN It Keningsfjild | ||
Kaart | ||
De Sint-Petrustsjerke yn Oerterp is in oarspronklik yn de 13e iuw boude tsjerke.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke leit bewesten Oerterp en waard om 1250 hinne as katolike tsjerke boud troch de sistersjinzers dy't út kleaster Mariëngaarde by Hallum wei op ferskate plakken yn Fryslân úthôven en tsjerken bouden. Nei de reformaasje yn 1580 is it in protestantske tsjerke wurden.
Grutte dielen fan de tsjerke, lykas noard- en eastmuorre binne om 1800 fernijd. Oan de súdside is it midsiuwske karakter fan de tsjerke noch ôf te lêzen. Ek de ûnlidde tsjerketoer komt út de 13e iuw. De preekstoel, mei útsûndering fan it klankboerd, komt út de 17e iuw.[1] Tsjerke en toer binne erkend as ryksmonumint.
De eardere (reade) pastorij stiet foar de tsjerke oer en waard yn 1787 boud en as sadanich oant 1970 brûkt. It hûs njonken de tsjerke hat eartiids it kostershûs west.
Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neist de tsjerke stiet op it tsjerkhôf in houten klokkestoel. De orizjinele klokken binne troch de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch weirôve. Yn 1948 waarden se ferfongen. De nije klokken koenen oantúgd wurde nei in finansjele ynsamling ûnder de befolking. De pleatslike útfeartferiening waard de eigener fan de klokkestoel. Yn 1982 wie der in restauraasje. Sûnt 2008 is de klokkestoel yn it besit fan de gemeente Opsterlân.[2] Beide klokken hawwe in râneskrift. Op efterelkoarre de grutte en lytse klok:
- Ik bounzje drôf, ik bounzje bliid – GOD jowt alles op SYN tiid.
- Al moast ús folk yn d’oarloch hast ferbliede, foar frije Friezen meie wy wer liede.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|