Pastorij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De roomske pastorij fan Blauhûs.

In pastorij, pastorije of weme is de amtswente fan in roomsk pastoar (fan oarsprong) of (sûnt de Reformaasje) fan in protestantsk dûmny. Sa'n gebou wurdt yn 'e Fryske sprektaal ek wol in wol pastory neamd, mar dy foarm komt net yn 'e wurdboeken foar, en moat dêrom as in hollanistyske ynterferinsje op basis fan it Nederlânske pastorie beskôge wurde. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt de pastorij dy't by in katedraal heart, oantsjut as in plebanij of plebany, om't de pastoar fan in katedraal in plebaan hjit. Pastorijen steane oer it algemien fuort njonken it tsjerkegebou dêr't se by hearre. Guon pastorijen dy't yn hielendal of hast hielendal yn 'e oarspronklike steat beholden binne, hawwe de status fan ryksmonumint of gemeentlik monumint.

In protte pastorijen yn Nederlân binne tagelyk mei de byhearrende tsjerke ûntwurpen en foarmje dêrmei sadwaande ien arsjitektoanyske ienheid. It kin lykwols ek foarkomme dat de pastorij âlder of jonger is as it tsjerkegebou, en dêrom yn in oare boustyl foarmjûn is. Soks is mooglik as der oarspronklik gjin pastorij by in tsjerke hearde, of as itsij de tsjerke, itsij de pastorij op in stuit ôfbaarnd en wer op 'e nij opboud is. Sokke pastorijen binne net of amper te ûnderskieden fan in gewoan hûs dat tafallich njonken de tsjerke stiet.

Troch de oanhâldende sekularisaasje, dêr't sawol de Roomsk-Katolike Tsjerke as de Protestantske Tsjerke yn Nederlân mei te krijen hawwe, nimt it tal tsjerkleden ôf. As gefolch dêrfan wurde besteande gemeenten en parochys gearfoege, of stelle in pear gemeenten mei-inoar ien predikant oan. Dêrtroch komt dan de pastorij (of ien fan 'e pastorijen) leech te stean. Om't it ûnderhâld (en dus de kosten fan it gebou) dêrmei net ophâlde, wurdt yn sokke gefallen faak besletten om 'e pastorij te ferkeapjen. It wurdt dan in 'gewoane' (partikuliere) wente, of it kriget in kommersjele funksje, bygelyks as restaurant, bêd en brochje, fakânsjehûs, kantoar of winkel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.