Leidyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In leidyk is type lege dyk dy't kultuerlân beskermje moast tsjin fan it heechfean kommend (soere) wetter.

De leidiken leinen op it fean, tichteby de râne. Troch ferfeanting fan oanswettende doarpen út waarden de leidiken geregeldwei ferlein en koene somtiden twa of trije diken efterinoar lizze. De eigner fan de grûn wie ferantwurdlik foar it ûnderhâld.

Leidiken wienen yn Fryslân te finen fan Achtkarspelen oant yn Weststellingwerf. Op guon plakken is 'leidyk' in toponym wurden, sa as by De Pein, Oerterp, tusken Duerswâld en Donkerbroek, yn Drachten is it in strjitnamme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Leidijk.