Nederlânske Arbeidstsjinst
De Nederlânske Arbeidstsjinst (offisjeel Nederlandse Arbeidsdienst (NAD)) wie yn earsten in frijwillige en letter ferplichte arbeidsynsettsjinst (Arbeitseinsatz) foar manlju en froulju yn Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich.
Belangen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 juny 1940 hat Arthur Seyss-Inquart út namme fan Nederlân de Opboutsjinst oprjochte yn it ramt fan de ûntmanteling fan it Nederlânske leger yn besettings- en krisistiid. It wie de bedoeling dat fierdere stiging fan it wurkleazepersintaazje troch ûntslaggen by definsje sa foarkommen waard. Dit belied wie in fuortsetting fan it eardere arbeidsferskaffingsbelied. De Opboutsjinst wie polityk neutraal. It wie ferbean om yn tsjinsttiid lid fan in politike partij te wêzen. Yn deselde perioade telden de belangen fan de besetter lykwols ek. Dy wol in arbeidsbemiddelingsburo foar tsjinst yn Dútslân. As motyf fan de besetter foar it oprjochtsjen fan de NAT wurdt de needsaak fan it meitsjen fan de oarlochsskea yn Nederlân brûkt. De yllegale Nederlânske parse leaude dat net. Op 15 oktober 1940 skowe beide inisjativen yn elkoar yn de NAT.[1] It biedwurd fan de NAT wie: "Ick Dien".
Tsjinstplicht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 't earstoan gie men frijwillich by de Nederlânske Arbeidstsjinst en waard dan arbeidsman neamd. It wie in oantreklike regeling om wurkleazens fan de 55.000 Nederlânske militêren foar te kommen. Militêren waarden oplaat ta kader. Frijwilligers stienen lykwols net yn de rige foar de NAT. In skriuwen yn desimber 1940 rôp de Nederlanners op om harren as frijwilliger op te jaan by ien fan de 1024 oanmeldburo's fan de NAT. Der wiene net folle dy't dat dienen. Mear froulju as manlju melden harren oan.[2] Op 1 jannewaris 1942 waard foar eltse Nederlanner dy't dat jier 18 waard en foar de ein fan it jier noch gjin 23 wie, de net-wapene tsjinstplicht ynfierd. Foar manlju en froulju gelyk. Yn 1943 waard wat de manlju oanbelange yndie de folsleine lichting fan dat jier oproppen. Froulju waarden yn de omkriten fan harren wenplak oan 't wurk set. Hja moasten bygelyks ierappelskile foar de kazerne. Manlju bedarren fier fan hûs yn kampen en wurken oan wegen, kanalen en yn de lânbou. De tsjinstplicht duorre in heal jier. Sport, oarder en tucht wiene wichtich. De mannen waard ek leard om te eksersearjen mei de skep oan 't skouder. De trening yn de NAT wie der op rjochte de manlju it dollen fan tankfallen en rinfuorgen oan it eastfront by te bringen. Oan de ein fan de tsjinstplicht waard de manlju in kontrakt foarhâlden dat soksoarte wurk regele. Hast eltsenien wegere om te tekenjen. Dan koe men in wan op de bealch krije, mar de wegerder koe wol nei hûs ta. De kampen waarden laat út Amersfoart wei.
Ynrjochting kamp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In standert NAT-kamp hie fjouwer wenbarakken om in appèlplak hinne. De wenbarakken hiene elts trije keamers foar sechtjin persoanen. In groep fan sechtjin waard in ploech neamd. De achtenfjirtich ynwenners fan in barak foarmen in groep en alle fjouwer barakken byinoar wienen in ôfdieling. De lieding bestie út tolve ploechkommandanten, fjouwer groepskommandanten en in ôfdielingskommandant. De stêf hie apart fan de oaren wenromte of wie ynkertiere yn in doarp tichteby. Neist de wenbarakken wie der meastal in koken- anneks kantinebarak, in fytsebarak, in wurkpleats en in barak dy't tsjinne as stâl. Alle foarsjennings wienen boud fan ynfierd lariks- of douglashout. De koaleberging wie fan stien en hie dakpannen.
De kampen hienen neist in offisjele namme en in nûmer ek in 'earenamme'.
Lieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]General Arbeitsführer Bethmann fan de Reichsarbeitsdienst soe de hiele oarloch troch haad fan de NAD kampen wêze. De Nederlanner Breunese wurdt yn it begjin waarnimmend kommandant. Op 1 augustus 1941 naam er ûntslach. Hy fersette him tsjin de ynfiering fan de Hitlergroet yn de NAT-kampen. Hy waard opfolge troch luitenant-kolonel L.A.C. de Bock. De kampen rûnen op 5 septimber 1944 (Mâle Tiisdei) leech. Oan de ein fan dy dei wiene hast alle arbeidsmanlju ferdwûn. Fan it kader wie noch sa'n 25% bleaun. Op 6 septimber waard De Bock troch Bethmann ôfset en waard wat der fan de tsjinst oer wie by allerhande wurk foar de Wehrmacht ynset. Op 10 septimber 1944 waard de NAT opheft.
List fan kampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kamp Bergentheim
- Kamp De Himrik Noard, Sparjeburd
- Kamp De Himrik Súd, Sparjeburd
- Kamp Diever, De Hoardt
- Kamp Eerde
- Kamp Gasselte
- Kamp Heemse
- Kamp Hilvarenbeek; NAD 433
- Kamp Hooghalen
- Kamp Kloosterhaar
- Kamp Schoonlo; NAD 124; Ek wol Kamp Elp neamd.
- Kamp Sellingen, Slangenborg; NAD 132;
- Kamp Staphorst
- Kamp Stienwyk, Eeze, Lakeweg
- Kamp Ten Arlo, Witte Cornelissn De With
- Kamp Ter Apel, Johan Maetsuyker; NAD 134
- Kamp Tilburg
- Kamp De Vecht
- Kamp Vledder
- Kamp Vreekwijk
- Kamp Vries
- Kamp Waterloo
- Kamp Winterswyk, Kloetenseweg
- Kamp Warkum, 'It Romme Fjild'
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- `Ick dien` in Sellingen en Ter Apel; J.J. Spanninga; ISBN 9789052944470
- Anton Mussert, Arbeidsdienst.
- M. Meulendijk, Arbeidsdienst.
- Zangbundel Nederlandsche Arbeidsdienst.
- Konstant Hierl; De Arbeidsdienst; Utjouwerij Westland Amsterdam.
- Vorming, moanneblêd fan de Nederlânske Arbeidstsjinst.
- Ick Dien; Het boek fan de Arbeidstsjinst.
- W. F. van Breen, Nederlandse Arbeidsdienst 1940-1945. Ontstaan, opkomst en ondergang. Walburg Pers, Sutfen ISBN 90-5730-324-8
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |