Springe nei ynhâld

Joadske wurkkampen

Ut Wikipedy

De Joadske wurkkampen waarden begjin 1942 fan de Dútske besetter ynrjochte om der Joadske wurklozen ûnder te bringen om harren sa arpart te setten en better yn de macht hâlde te kinnen. Op 2 oktober 1942 (Jom Kipoer) waarden de wurkkampen opheft. De bewenners waarden oergebrocht nei kamp Westerbork.

Joadske wurkleazen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei troch de maatregels fan de besetter [1] wienen der yn Nederlân al oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich in protte joadske wurkleazen. De Dútske autoriteiten makken al rillegau plannen om harren oer te bringen nei wurkkampen. Totaal binne der 38 fan dit soarte kampen ynrjochte[2]. De kampen wienen net nij. De Rykstsjinst foar de Wurkferromming hie se meast op 'e noed en yn gebrûk foar 'wurkferskaffingsprojekten'. De foar Joaden ynrjochte kampen wienen meast te finen yn Noard- en East-Nederlân. De besetter hjitte de ûntrûming fan dizze kampen. Guon ûnderstelle dat de ferdreaune wurkleazen yn it ramt fan de Arbeitseinsatz yn Dútslân oan it wurk moasten. Oaren miene dat sy foar de NAD ronsele wurden binne.[3] De besetter ûntnaam alle Joaden harren baan sadat hja folslein foar harren ynkommen fan de Dútsers ôfhinklik waarden. Yn totaal binne der mear as 5.200 fan dizze Joadske 'wurkleazen' yn de wurkkampen bedarre. Harren wurk bestie út it dollen op de heide, ierappelle en wegen of paden oanlizze. Dizze wurkleazen barden 20% minder as de oare wurkleazen.[4]

Yn in brief fan ein septimber 1942 seit de Befehlhaber der Sicherheitspolizei und des SD, Zentralstelle für judische Auswanderung dat der op 25 septimber 5242 manlju út 85 stêden en doarpen yn de wurkkampen sieten, ferdield oer 42 kampen. Yn deselde brief wurdt fernijd dat der besletten is ta Gesamtevakuierung, fan de Joaden (einschliesslich Anghörigen) út de wurkkampen.[5] Op freed 2 oktober 1942 en sneon 3 oktober 1942 waarden de wurkkampen leechhelle en waarden ek de Angehörigen ôffierd nei kamp Westerbork om dêrwei, sa't letter bliken die, nei de ferneatigingskampen transortearre te wurden.

Earder kampterrein by Diever, 2010
Kamp De Zomp bij Ruurloo
Kamp Gijsselte
Monumint by Kamp Vledder
  • Kamp Diever A (Alde Willem)[8]
  • Kamp De Landweer
  • Kamp It Petgat
  • Kamp Ybenheer
  • Kamp Molengoot[9]
  • Kamp Twilhaar[7]
  • Kamp Vledder (twa monuminten)

Op de monuminten - ûntwurpen troch learlingen fan it Fryslân Kolleezje - by Elslo, Diever, Blesdike, Alde Willem en De Fochtel stiet de neikommende tekst fan de dichteresse Jacqueline van der Waals:

Geef mij de moed om onrecht te onderkennen
Ook waar 't door eeuwen van gebruik gewettigd wordt,
De vaste wil aan onrecht nooit te wennen,
Ook waar de macht, het weg te nemen, schort.

De measte kampen krigen in nije bestimming. Sa waard it kamp Ybenheer by De Fochtel earst brûkt om moeilijk opvoedbare jongens yn ûnder te bringen. Letter kamen dêr sa'n 40 hûngerbern út West-Nederlân. Neifolgjend waarden der NSB-ers ynternearre en fan 1951 ôf wie it in Ambonezekamp. Ein sechtiger jierren waarden de barakken ôfbrutsen.

Fan de oare kampen is ek net folle oer. Yn Vledder stiet noch ien barak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Presser, Ondergang, diel 1, sd. 176
  2. 2,0 2,1 Een overzicht van de kampen
  3. Encyclopedie Drenthe
  4. J. Presser, sd. 182
  5. J. Presser, s. 300
  6. Een overzicht van de oorlogsmusea o.a. in Nederland
  7. 7,0 7,1 4 en 5 mei.nl
  8. Een kort verslag met een afbeelding
  9. Monument Kamp Molengoot wordt 3 oktober onthuld op de webside oer Kamp Molengoot